Sydoansjoch fan 'e minsklike wringe.

De wringe of rêchbonke (Latynsk: columna vertebralis), faaks better bekend as de rêgegraat (wat eins in hollanistyske ynterferinsje is) of ûnder de Nederlânske beneamings fan ruggengraat of wervelkolom, is de sintrale bonke fan it lichem fan alle wringedieren. By minsken bestiet er út 33 of 34 wringen of draaibonken (wervels), mei dêrtuskenyn hieltyd in tuskenwringeskiif, behalven tusken de beide boppeste wringen (de atlaswringe en de aksiswringe).

Opbou

De minsklike rêchbonke bestiet út (fan boppen nei ûnderen):

  • 7 nekwringen (halswringen) of servikale wringen
  • 12 boarstwringen of torakale wringen
  • 5 mulwringen of lumbale wringen
  • de krúsbonke of it sakrum (in fergroeiïng fan 5 krúswringen of sakrale wringen)
  • de sturtbonke of coccyx (in fergroeiïng fan 3-5 mar meastal 4 sturtwringen)

De nammejouwing foar de yndividuële wringen wurdt yn medysk jargon ôfkoarte ta C1-7 (C foar cervix, dêr't "servikaal" fan ôflaat is); T1-12 (of Th, foar thorax); L1-5; en S1-5. Sa sjocht de wringe derút by 99,9% fan alle minsken; yn útsûnderlike gefallen komt der wolris in (ynkomplete) achtste nekwringe of sechsde mulwringe foar. Yn totaal binne der ornaris dus 31 wringen yn it minsklik lichem. Katten en hûnen hawwe der 50-53, hynders 50-58 en kij 49-51. Dat de minske yn ferhâlding mar sa'n bytsje wringen hat, kin foar in wichtich diel ferklearre wurde út it feit dat wy gjin sturt mear hawwe.

Troch de holle foarm fan 'e wringen en om't se opinoar steapele binne, ûntstiet der in tunnelfoarmige iepening fan 'e stuten oant de nekke dy't it wingekanaal of canalis vertebralis neamd wurdt. Dêryn befynt him it rêchpiid (ruggenmerg). De funksje fan 'e wringen is trijefâld. De hiele rêchbonke mei-inoar draacht it gewicht fan it minsklik lichem en makket troch syn fleksibiliteit de frije beweging dêrfan mooglik. Mar like wichtich is de beskerming fan it rêchpiid, dat as senuwsintrum in krúsjale rol ferfollet by de bestjoering fan it lichem.

Foarm

Om't de ûnderste wringen mear gewicht te dragen hawwe, binne se grutter en oars fan foarm as de boppesten. Hielendal ûnderoan stipet de rêchbonke op it bekken. De wringe hat by de minske in dûbele s-foarm, dy't wurket as skokdemper, sadat skokken dy't feroarsake wurde troch rinnen of draven isolearre wurde fan 'e kwetsbere harsens. De krommings yn 'e s-foarmen wurde oantsjut mei de termen kyfoaze en lordoaze. In kyfoaze is in kromming mei de bolle kant yn 'e rjochting fan 'e rêch en de holle kant yn 'e rjochting fan 'e búk (sa't by de boarstwringen en de krúsbonke en sturtbonke it gefal is). In lordoaze is in kromming mei de holle kant yn 'e rjochting fan 'e rêch en de bolle kant yn 'e rjochting fan 'e búk (lykas by de nekwringen en mulwringen). Yn gefallen fan in ûnnatuerlike kromming wurdt sprutsen fan in hyperlordoaze of holle rêch, of fan in hyperkyfoaze of bochel. In skolioaze is in ûnnatuerlike sydlingse kromming en/of in ferdraaiïng fan 'e rêchbonke yn 'e lingte-as.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.