Wrigley Field | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Illinois | |
county | Cook County | |
plak | Chicago | |
adres | 1060 West Addison Street | |
koördinaten | 41°56′53″ N 87°39′20″ W | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | sportstadion | |
subtype | honkbalstadion | |
boujier | 1911-1914 | |
arsjitekt | Zachary Taylor Davis | |
monumintale status | Chicago Landmark (2004) | |
oare ynformaasje | ||
kapasiteit | 41.649 minsken | |
kosten | € 250.000 (1914) | |
offisjele webside | ||
chicago.cubs.mlb.com/chc/ballpark | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Chicago.
|
Wrigley Field (útspr.: ['ɹigli fi:ld]; likernôch: "rik-ly fiild") is in sportstadion yn 'e Amerikaanske stêd Chicago, dat brûkt wurdt foar it spyljen fan honkbal. It is de thúsbasis fan 'e Chicago Cubs, ien fan 'e beide honkbalteams yn 'e stêd dy't útkomme yn 'e Major League Baseball-kompetysje (MLB), de heechste honkbaldifyzje fan 'e Feriene Steaten. Wrigley Field leit op in hichte fan 180 m boppe seenivo en hat (sûnt 2017) in publykskapasiteit fan 41.649 persoanen. It stadion hat as bynamme The Friendly Confines ("De Freonlike Offreding"), in oantsjutting dy't popularisearre waard troch âld-Cubs-honkballer Ernie Banks. Wrigley Field is it op ien nei âldste stadion fan 'e MLB nei Fenway Park, en it iennichst oerbleaune stadion dêr't noch in team út 'e âlde Federal League spile hat.
Lokaasje
Wrigley Field stiet oan 1060 West Addison Street yn 'e North Side fan Chicago, yn 'e wyk Lakeview en de buert Wrigleyville. It stadion foarmet in stedsblok fan ûnregelmjittige grutte, dat omjûn wurdt troch Clark Street (yn it westen), Addison Street (yn it suden), Sheffield Avenue (yn it easten) en Waveland Avenue (yn it noarden). De lokaasje fan it stadion, midden yn in wenwyk, betsjut dat der mar krap parkeargelegenheid foar it publyk is. It betsjut ek dat de omlizzende gebouwen sa deun by it stadion steane, dat men fan 'e dakken ôf sûnder te beteljen de wedstriden folgje kin.
Skiednis
De bou fan it stadion sette op 4 maart 1911 útein nei in ûntwerp fan arsjitekt Zachary Taylor Davis. Opdrachtjouwer foar de bou wie honkbalbestjoerder Charles Weeghman. It setten fan it stadion koste $250.000 yn doetiidsk jild, wat omrekkene yn Amerikaanske dollars út 2018 delkomt op krapoan $6,3 miljoen. It stadion waard op 23 april 1914 iepene ûnder de namme fan Weeghman Park, nei de inisjatyfnimmer fan 'e bou. It earste team dat it stadion yn besit hie, wie Weeghman syn Chicago Whales, dy't noch yn 'e âlde Federal League spilen. Se behellen yn 1914 it twadde plak en wûnen yn 1915 de kompetysje. Dat jiers waard de Federal League lykwols opdoekt en dat betsjutte ek de ein foar de Whales.
It stadion gie dêrnei oer yn 'e hannen fan 'e Chicago Cubs, dy't yn 'e nije Major League Baseball-kompetysje útkamen. Se spilen har earste wedstryd yn it stadion op 20 april 1916 en fersloegen dêrby de Cincinnati Reds. Yn 1921 waarden de Cubs oankocht troch kaugommagnaat William Wrigley jr., de eigner fan 'e Wrigley Company. Fan 1920 oant 1926 hiet it stadion Cubs Park, foar't it yn 1927 omneamd waard ta Wrigley Field, nei de eigner fan 'e Cubs.
Lange tiid wie honkbal net de iennichste sport dy't yn Wrigley Field spile waard. Sa moasten de Cubs it stadion yn 1920 diele mei de Chicago Tigers, fan 1920 oant 1926 mei de Hammond Pros, fan 1921 oant 1970 mei de Chicago Bears en fan 1931 oant 1939 mei de Chicago Cardinals. Dat wiene allegear Amerikaansk fuotbalteams dy't útkamen yn 'e National Football League (NFL). Fierders spilen fan 1977 oant 1982 en yn 1984 ek de fuotballers fan 'e Chicago Sting yn Wrigley Field. Sûnt 1985 hawwe de Cubs it stadion foar harsels en wurdt der inkeld noch honkbal spile.
Doe't it yn 1914 iepene waard, koe Wrigley Field 14.000 man publyk hâlde. It waard neitiid útwreide yn 1922 en 1927 en renovearre yn 1937 en 1988, wêrnei't it yn 2006 op 'e nij útwreide waard. De lêste grutskalige renovaasje fûn plak tusken 2014 en 2019. Dêrnei hie it stadion in kapasiteit fan 41.649 minsken. Wrigley Field wie yn 1988 it alderlêste stadion yn 'e MLB dat skynwerpers sette liet om spyljen op 'e jûn mooglik te meitsjen. It stadion krige op 1 febrewaris 2004 de gemeentlike monumintale status fan in Chicago Landmark.
Oansjen
Wrigley Field stiet bekend om syn mei klimmerblêd oerdutsen spylfjildôffreding; it klimmerblêd waard yn 1937 plante troch Bill Veeck, de soan fan 'e doetiidske foarsitter fan 'e Chicago Cubs. Oare bekende skaaimerken fan it stadion binne de ûngewoane wynpatroanen dy't fan 'e deunby leine Michiganmar ôf komme en de koerts fan in bal op ûnfoarsisbere wize beynfloedzje kinne; de ikoanyske reade tinte boppe de haadyngong; en it âlderwetske skoareboerd, dat noch mei de hân betsjinne wurde moat.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|