FIFA wrâldkampioenskip fuotbal | ||||
![]() | ||||
Daniel Passarella, oanfierder fan it Argentynske nasjonale team, hâdt de FIFA-wrâldbeker omheech. Wrâldkampioenskip fuotbal 1978 | ||||
sport | Fuotbal | |||
organisator | FIFA | |||
earste edysje | Urûguay 1930 | |||
edysjes | ||||
foarrige edysje | Katar 2022 | |||
folgjende edysje | Amearika's 2026 | |||
|
It FIFA wrâldkampioenskip fuotbal, meastal wrâldkampioenskip fuotbal of WK fuotbal neamd, is in toernoai dat alle fjouwer jier spile wurdt troch nasjonale tiims dy't lid binne fan de FIFA.
Skiednis
Yn 1930 waard it earste wrâldkampioenskip fuotbal yn Oerûguay holden. De iennige stêd dy't doe de stadions foar de wedstriden hie wie Montevideo der waard dat toernoai spile yn tije stadions. Dit wie twa jier earder, op moandei 28 maaie 1928, yn Amsterdam besletten. Oerûguay krige it earste WK tawiisd om te fieren dat it lân hûndert jier bestie en om't Oerûguay yn 1924 en 1928 goud wûn hie op de Olympyske Spullen en dus ien fan de bettere fuotballannen wie.
De teams waarden foar it earste wrâldkampioenskip útnûge troch de FIFA om mei te dwaan. De animo fan Jeropeeske lannen om mei te dwaan oan dit kampioenskip wie lykwols beheind. De lange reis en hege reiskosten wiene hjir de oarsaak fan. Uteinlik wist Jules Rimet, mei help fan it regear fan Oerûguay, fjouwer Jeropeeske lannen sa fier te krijen om de oerstek te meitsjen. Fanôf it twadde kampioenskip yn 1934 moatte de lannen har kwalifisearje foar it toernoai.
As trofee foar it winnende lân waard de "Victoire aux Ailes d'Or" ûntwurpen: in beker droegen troch Nikè, de Grykske goadinne fan de oerwinning. Dizze wikselbeker waard yn 1946 as earbetoan oan de inisjatyfnimmer fan it WK fuotbal omdoopt nei "Jules Rimet-beker". Yn 1970 gie dizze trofee definityf nei Brazylje: dat wie it tredde WK dat troch Brazylje wûn waard, en de regel wie doe noch dat as ien lân trije kear wrâldkampioen waard, it de trofee hâlde mocht. Yn 1983 waard de orizjinele beker stellen en nea wer weromfûn, wêrnei't it Braziliaanske fuotbalbûn in replika meitsje liet. De hjoeddeiske trofee, de "FIFA World Cup", bestiet út twa figueren op in sokkel dy't in ierdbol omheech hâlde, en is ek wer in wikseltrofee. Dizze beker waard foar it earst útrikt yn 1974 oan it doetiidske West-Dútslân.
Oan de toernoaien oant en mei 1978 diene 16 lannen mei, útsein yn 1930 (13 lannen), en yn 1938 (15 lannen, Eastenryk wie nei kwalifikaasje as gefolch fan de Anschluss opgien yn Dútslân) en 1950 (13 lannen, Yndia, Skotlân en Turkije lútsen har nei de lotting werom). It tal dielnimmers waard útwreide nei 24 lannen yn 1982 en dêrnei nei 32 yn 1998, wêrtroch't ek mear lannen út Afrika, Aazje en Noard-Amearika in kâns makken om diel te nimmen. Fan 2026 ôf sille der 48 lannen meidwaan oan it WK.
Edysjes
Fryske fuotballers op it WK
Theo de Jong wie yn 1974 de earste Fryske fuotballer op it wrâldkampioenskip fuotbal, hy kaam fjouwer kear yn aksje foar it Nederlânske alvetal op it wrâldkampioenskip.
Fuotballer | Jier | Funksje | Wedstr.(goals) |
---|---|---|---|
Theo de Jong | 1974 | Middenfjilder | 4 (1) |
Piet Wildschut | 1978 | Ferdigener | 3 (0) |
Jan Kromkamp | 2006 | Ferdigener | reserve |
Andries Noppert | 2022 | Doelman | 5 (0) |
Fryske Assistint-skiedsrjochters en skiedsrjochtes op it WK*
Namme | Funksje | Jier |
---|---|---|
Erwin Zeinstra | Assistint-skiedsrjochter | 2014 2018 |
Hessel Steegstra | Assistint-skiedsrjochter | 2022 |
Jan de Vries | Assistint-skiedsrjochter | 2022 |
* opmerking: list is mooglik net folslein.
Prizen
Njonken de Wrâldtitel wurde der ek noch in tal oare prizen útrikt
- De Golden Ball foar de bêste spiler fan it toernoai.
- De Golden Boot foar de spiler dy't de measte doelpunten makket
- De Golden Glove foar de bêste doelman fan it toernoai.
Bêste spiler
Jier | Fuotballer | Lân |
---|---|---|
1930 | José Nasazzi | ![]() |
1934 | Giuseppe Meazza | ![]() |
1938 | Leônidas da Silva | ![]() |
1950 | Thomaz Soares | ![]() |
1954 | Ferenc Puskás | ![]() |
1958 | Didi | ![]() |
1962 | Garrincha | ![]() |
1966 | Bobby Charlton | ![]() |
1970 | Pelé | ![]() |
1974 | Johan Cruijff | ![]() |
1978 | Mario Kempes | ![]() |
1982 | Paolo Rossi | ![]() |
1986 | Diego Maradona | ![]() |
1990 | Salvatore Schillaci | ![]() |
1994 | Romário | ![]() |
1998 | Ronaldo | ![]() |
2002 | Oliver Kahn | ![]() |
2006 | Zinédine Zidane | ![]() |
2010 | Diego Forlán | ![]() |
2014 | Lionel Messi | ![]() |
2018 | Luka Modrić | ![]() |
2022 | Lionel Messi | ![]() |
Measte doelpunten
- Kin ek oan meardere fuotballers útrikt wurde as se likefolle doelpunten makke ha.
Jier | Fuotballer | Lân | Doelpunten |
---|---|---|---|
1930 | Guillermo Stábile | ![]() | 8 |
1934 | Oldřich Nejedlý | ![]() | 5 |
1938 | Leônidas | ![]() | 7 |
1950 | Ademir | ![]() | 9 |
1954 | Sándor Kocsis | ![]() | 11 |
1958 | Just Fontaine | ![]() | 13 |
1962 | Flórián Albert | ![]() | 4 |
Valentin Ivanov | ![]() | ||
Garrincha | ![]() | ||
Dražan Jerković | ![]() | ||
Vavá | ![]() | ||
Leonel Sanchez | ![]() | ||
1966 | Eusébio | ![]() | 9 |
1970 | Gerd Müller | ![]() | 10 |
1974 | Grzegorz Lato | ![]() | 7 |
1978 | Mario Kempes | ![]() | 6 |
1982 | Paolo Rossi | ![]() | 6 |
1986 | Gary Lineker | ![]() | 6 |
1990 | Salvatore Schillaci | ![]() | 6 |
1994 | Oleg Salenko | ![]() | 6 |
Christo Stoitsjkov | ![]() | ||
1998 | Davor Šuker | ![]() | 6 |
2002 | Ronaldo | ![]() | 8 |
2006 | Miroslav Klose | ![]() | 5 |
2010 | Thomas Müller | ![]() | 5 |
David Villa | ![]() | ||
Wesley Sneijder | ![]() | ||
Diego Forlán | ![]() | ||
2014 | James Rodríguez | ![]() | 6 |
2018 | Harry Kane | ![]() | 6 |
2022 | Kylian Mbappé | ![]() | 8 |
Bêste doelman
Jier | Doelman | Lân |
---|---|---|
1994 | Michel Preud'homme | ![]() |
1998 | Fabien Barthez | ![]() |
2002 | Oliver Kahn | ![]() |
2006 | Gianluigi Buffon | ![]() |
2010 | Iker Casillas | ![]() |
2014 | Manuel Neuer | ![]() |
2018 | Thibaut Courtois | ![]() |
2022 | Emiliano Martínez | ![]() |
Wrâldkampioenskip fuotbal | |
---|---|
Oerûguay 1930 | Itaalje 1934 | Frankryk 1938 | Brazylje 1950 | Switserlân 1954 | Sweden 1958 | Sily 1962 | Ingelân 1966 | Meksiko 1970 | West-Dútslân 1974 | Argentynje 1978 | Spanje 1982 | Meksiko 1986 | Itaalje 1990 | Feriene Steaten 1994 | Frankryk 1998 | Japan / Súd-Koreä 2002 | Dútslân 2006 | Súd-Afrika 2010 | Brazylje 2014 | Ruslân 2018 | Katar 2022 | Amearika's 2026 | |
wizigje |