Worp fan Ropta (1504 - 28 novimber 1551) wie grytman fan East-Dongeradiel (1542).
Worp wie in soan fan Focke fan Ropta († 4 july 1512) en Graets fan Eysinga († 24 juny 1512).
Worp fan Ropta wie grytman fan East-Dongeradiel (1542); 23 jannewaris 1550 waard er olderman fan Dokkum en yn 1550 wie er folmachtigde op 'e lânsdei.
Worp wie troud mei Bieuck Aebinga fan Humalda fan Blije († 3 july 1535). In dochter fan harren, Cnier of Cunera, troude mei Christoffel fan Sternsee.
Worp is letter wer troud mei Anna, dochter fan steedhâlder Georg Schenk fan Toutenburch.
- Grêfsark fan Worp fan Ropta en Bjuck Aebinga fan Humalda yn de tsjerke fan Mitselwier.
- Sark mei portretten fan Cunera fan Ropta en Christoffel fan Sternsee yn de tsjerke fan Mitselwier.
- Byldhoude liuw mei it wapen Fan Ropta.
- Epitaaf yn de Martinitsjerke yn Frjentsjer foar Carel fan Sternsee, soan fan Christoffel en Cunera, mei it wapen fan Ropta.
Keppeling om utens
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.