Worp fan Ropta († 1302) wie in 13e iuwsk ealman út Mitselwier. Hy kaam yn 1297 te wenjen op Roptastate, ek wol Ropperda State neamd, yn wat doe Eastdongeradiel wie. Worp fan Ropta[1] , syn soan Doede en syn freon Tythe Cammingha sieten om 1299 noch wolris yn tsjok waar mei Juck Helbada fan Hegebeintum. De skiedskriuwer Ocko Scharlensis skriuwt wiidweidich oer dizze fete dy't it ûnderwerp waard fan It Soenhûs fan Anders Minnes Wybenga.

It geslacht fan Ropta stoar út yn 1551 wêrnei't Ropta State oergie op it geslacht Sternsee.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Ropta, Worp van.
  1. Algra yn "De historie gaat door het eigen dorp": een man, van seer forts en onversaecht ghemoet thegens syne vyanden, doch seer goet lyberael ende lieflijck int ommegaen thegens een yeder man.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.