Wordfeud (útspraak: Weurdfjûûd) is de online fariant fan it wolbekende boerdspul Scrabble. It datearret út 2010 en is ûntwikkele yn Noarwegen. It spul is fergees as app yn te laden foar iPhone- en Android-tastellen. Yn de fergese ferzje wurdt it spul ûnderbrutsen troch koarte reklamefilmkes. In reklameleaze fariant kostet €2,39. De namme fan it spul wurdt ferskillend útsprutsen, mar de term Wordfeud komt út it Ingelsk en betsjut 'wurdfete'. Feud wurdt útsprutsen as "fjoed" mei in lange oe en in stimhawwende d.

De regels fan Worfeud komme foar it grutste part oerien mnei dy fan it boerdspul. Oars binne de soad fekken mei dûbele en trijedûbele wurdwearde en dûbele en trijedûbele letterwearde. Dat binne mear as by it boerdspul. It wurdt spile op smartphones en is eins neat mear as digitaal scrabble, mar mei tsjinstanners dy't net tsjinoer jo sitte mar thús op de bank, yn fergadering op it wurk of wêr dan ek op de wrâld. It is mooglik oant maksimaal 30 spullen tagelyk te spyljen mei sawol bekenden as willekeurige tsjinstanners. Dy willekeurige tsjinstanners wurde troch it spul by elkoar brocht. By Wordfeud kin in oare spiler útdage wurde dy't it spul op syn of har smartphone stean hat. De earste spiler leit in wurd, wêrnei't de tsjinstanner dêr in notifikaasje fan krijt. Dy hat dan 72 oere om in wurd te lizzen – en dêr skûlet fuort de krêft yn: do hoechst it net direkt wer op te pakken, in skoftke wachtsje mei ek. In spultsje kin sa maklik in wike duorje. Wylst kin binnen de applikaasje ek tsjetten wurde, om't it spul dy orizjinele sosjale komponint meijout. Oant no ta is it mooglik om te spyljen yn it Ingelsk, Frânsk, Spaansk, Nederlânsk, Sweedsk, Noarsk en Deensk. Meikoarten sil dy list útwreide wurde. It populêre telefoan-scrabblespultsje is oer in skoftke mooglik ek mei Fryske wurden te spyljen. De Afûk hat dêrfoar de Noarske makker fan it spul benadere. [1].

Wurdwearde

Punten kinne ferhege wurde troch wurden mear waarden te jaan. Dy spesjale fakjes hawwe as betsjutting:

TypeTal
fekjes 
BetsjuttingFunksje
Θ1     Startpunt1x Letterwearde
Blank160     1x Letterwearde
DL24     Double Letter2x Letterwearde
TL20     Triple Letter3x Letterwearde
DW12     Double Word2x Wurdwearde
TW8     Triple Word3x Wurdwearde

Spylfjild - Standert

TLTWDLTWTL
 DL  TL  TL  DL 
DW DL  DL DW
TLDWTL
TWDWDLDLDWTW
TLTLTLTL
DLDLDLDL
DLDWΘDWDL
DLDLDLDL
TLTLTLTL
TWDWDLDLDWTW
TLDWTL
DWDLDLDW
DLTLTLDL
TLTWDLTWTL

Singelier

It spul ferget bytiden safolle omtinken dat petearen ôfkapt en ûnderbrutsen wurde as in spiler oan set komt. In kafee yn Swol socht yn septimber 2011 de publisiteit mei it ferbod op it spul yn it kafee.[2]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wordfeud mooglik yn it Frysk
  2. Kafee yn Swol ferbiedet spul
Taalpuzels

anagrampuzeldrûdelfilippinehynstesprongkryptogramkrúswurdpuzelpaspuzelpazurgorebussânglêspuzelscrabblesitaatpuzelspiraalpuzelSweedske puzeltrochrinnerwordfeudwurdfrisselwurdljedderwurdriuwenwurdsiker

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.