Kaart fan Krummhörn
Tsjerke fan Woquard

Woquard is in doarp yn de Dútske gemeente Krummhörn, dielsteat Nedersaksen. It hie 184 ynwenners yn 2006 en 177 yn 2012.

Dit is it lytste doarp fan de gemeente. It wurdt yn 1632 foar it earst neamd as Wachtwert. It wapen fan Woquard ferhellet in protte oer de skiednis fan it doarp. De kleuren blau en giel ferwize nei it Sweedske keningshûs en bringe Katarina fan Sweden te binnen, de frou fan Edzard II. De liuw komt út het haadelingewapen fan de Manninga's; de Frânske leelje út it helmteken fan de greven Sirksena; de stjer kin mei it âlde wapen fan Norden yn ferbân brocht wurde.

De útdrukking "Wokert is ’n Rad" ('Woquard is in tsjel') tsjut op it strjitpatroan fan it doarp; de strjitten rinne as de speaken fan in tsjil nei de tsjerke yn de midden ta. Yn de tsjerketoer fan 1789 hinget de âldste tsjerkeklok fan East-Fryslân. Oan de westkant fan de tsjerke soe in boarch stien hawwe, dy't lykwols troch in haadling fan Pewsum ferwoastge wêze soe.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.