Wood Mountain Lakota Earste Naasje | ||
Ingelsk | Wood Mountain Lakota First Nation | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Kanada | |
provinsje | Saskatchewan | |
haadkertier | Assiniboia (Saskatchewan) | |
etnisiteit | Lakota | |
ledetal | 210 (2006) | |
oprjochting | 1910 | |
status | erkend | |
erkenning | Kanada | |
reservaat | ||
reservaat | Wood Mountain Reservaat 160 | |
lokaasje | súdlik Saskatchewan | |
oerflak | 23,8 km² | |
ynwennertal | 12 (2006) | |
offisjele webside | ||
www.woodmountainlakotafn.ca | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Saskatchewan.
|
De Wood Mountain Lakota Earste Naasje (Ingelsk: Wood Mountain Lakota First Nation) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei in eigen reservaat yn it suden fan 'e provinsje Saskatchewan. De stamme stiet ek wol koartwei bekend as de Wood Mountain Earste Naasje (Wood Mountain First Nation). ("Earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep.) De Wood Mountain Lakota Earste Naasje waard as offisjele stamme-organisaasje oprjochte yn 1910, en hie neffens gegegevens út 2006 209 leden. It haadkertier is fêstige yn Assiniboia, yn Saskatchewan. De leden fan 'e Wood Mountain Lakota Earste Naasje besteane út etnyske Sû (Sioux), nammentlik Lakota fan 'e Hûnkpapa-stamme. It is de iennichste Lakota-stamme yn Kanada.
Reservaat
De Wood Mountain Lakota Earste Naasje hat in eigen reservaat, te witten: it Wood Mountain Reservaat 160 (Wood Mountain 160 Reserve), dat deunby it doarp Wood Mountain leit en ek by it Nasjonaal Park Grasslands. It hat in oerflak fan 23,8 km², en fan 'e krapoan 210 stamleden wennen der yn 2006 mar 12 yn it reservaat. De Wood Mountain Lakota Earste Naasje heart ta de Federaasje fan Yndiaanske Naasjes fan Saskatchewan, in yntertribaal gearwurkingsferbân.
Skiednis
Doe't de Lakota yn 1877 troch de Amerikanen ferslein waarden yn wat ornaris de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 neamd wurdt, flechte it Hûnkpapa-opperhaad Sittende Bolle, ien fan 'e foarnaamste lieders fan 'e Lakota, mei in lytse troep folgelingen de Kanadeeske grins oer. Mei't de Britten, de koloniale machthawwers yn Kanada, net op in konflikt mei de Feriene Steaten sieten te wachtsjen, waard Sittende Bolle dêr mar amperoan gastfrij ûnthelle. Likegoed bleau er der fjouwer jier lang yn ballingskip, oant yn 1881 de ûntbearings en de diplomatike druk te grut waarden, sadat er doe weromkearde nei de Feriene Steaten, dêr't er him oanjoech by Fort Buford, yn Montana.
Fan Sittende Bolle syn folgelingen giene 186 mei him werom, mar de rest, besteande út 37 gesinnen, keas derfoar om yn Kanada te bliuwen. Dy lju bleaune yn harren kamp by Wood Mountain, dêr't Sittende Bolle syn fjouwerjierrige ballingskip trochbrocht hie, en ûnderholden harsels mei de jacht en mei te wurkjen as deihierarbeiders. Yn 1910 waard harren in tydlik reservaat tawiisd, en hoewol't se nea in ferdrach mei it Kanadeeske regear sleaten, krige it reservaat yn 1930 dochs in permaninte status. De 37 oarspronklike gesinnen belunen meitiid yn oantal, benammentlik om't se yn oanbuorjende stammen omtrouden.
Krekt as de acht besibbe Dakota-stammen yn súdlik Saskatchewan en Manitoba, dy't har dêr oan 'e ein fan 'e Dakota-Oarloch fan 1862 fêstigen nei harren flecht út it Amerikaanske Minnesota wei, erkent it Kanadeeske regear de Wood Mountain Lakota Earste Naasje en hat it der in reservaat oan tawiisd, mar dochs is it offisjele stânpunt dat de Lakota (en Dakota) eins Amerikaanske flechtlingen binne, dy't inkeld yn Kanada tahâlde om't de Kroan sa freonlik is om dat ta te stean. Neffens dy riddenearring kinne de Sû yn Kanada dus gjin lânrjochten jilde litte. De Sû-stammen, oan 'e oare kant, hawwe lânkaarten en offisjele dokuminten fan foàr de kolonisaasje fan súdlik Saskatchewan en Manitoba, dêr't út blike soe dat dy krite doe wol deeglik ta harren wengebiet hearde. Dit is in juridysk toulûken dat al geande is sûnt de 1870-er jierren en dêr't mei koarten grif ek gjin ein oan komme sil.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |