Woeste Hoeve | ||
De Woeste Hoeve (2010) | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Gelderlân | |
Gemeente | Apeldoarn | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 6' NB, 5° 57' EL | |
Restaurant De Woeste Hoeve (1967) | ||
Kaart | ||
Woeste Hoeve (Nedersaksysk: Weuste Hoeve) is in útbuorren in de gemeente Apeldoarn, yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. It plak bestiet út in restaurant, in hotel en in stikmannich huzen.
Skiednis
Woeste Hoeve ûntstie op it krúspunt fan de âlde Hânzewei fan Arnhim nei Deventer en de hessewei fan Steenderen nei Barneveld.
Op itselde plak waard al yn de Midsiuwen in útspanning set, dêr't letter in buorskip "op Woest Hoef" ûntstie. Fan dy buorskip is hast neat mear oer, mar de útspanning, fannijs boud yn 1771 nei't de âlde herberch ôfbaarnd wie, stiet der noch.
Yn 1811 wie keizer Napoleon Bonaparte yn de Woeste Hoeve mei Marie Louise. Ek kening Willem III stiek dêr geregeldwei oan, ûnderweis nei paleis it Loo.
Under Woeste Hoeve wie yn de nacht fan 6 op 7 maart 1945 de oanslach op SS-generaal Hanns Albin Rauter. It wie de bedoeling fan it ferset in Dútske legerwein te bemachtigjen; se wisten net dat Rauter yn de auto siet. Rauter rekke swier ferwûne, mar oerlibbe it fjoergefjocht. De Dútsers lieten as represaille in pear hûndert finzenen eksekutearje, dêrfan 117 by Woeste Hoeve. It Monumint Woeste Hoeve waard ta oantins fan dat barren oprjochte.
Ekodukt
Tichtby Woeste Hoeve leit Wyldwiksel Woeste Hoeve, in ekodukt oer de A50.
Keppelingen om utens
- Stichting Ynformaasje Wrâldoarloch Twa: "Onbedoelde aanslag op Rauter bij Woeste Hoeve"
- Stichting Monumint Woeste Hoeve: Nammen fan de 117 slachtoffers
- Nasjonaal Komitee 4 en 5 maaie: Monumint "De Woeste Hoeve"