In wiskundige is in persoan wêrfan it belangrykste fakgebiet fan stúdzje en/of ûndersyk de wiskunde is, as hobby of as wurk. In soad wiskundigen binne professor oan in universiteit. Wiskundigen hâlde harren dwaande mei problemen op it mêd fan logika, romte, transformaasjes, sifers en oare saken dy’t hjir mei besibbe binne.
Guon wittenskippers dy’t oare fakgebieten ûndersykje wurde ek wol wiskundige neamd as harren ûndersyk ynsjoch jout yn de matematyk.
Ferneamde wiskundigen
Inkele ferneamde wiskundigen binne:
- Euklides fan Alexandrje (300 foar Kristus-*)
- Argimedes (287 foar Kristus - 212 foar Kristus)
- Simon Stevin (1548-1620)
- René Descartes (1596-1650)
- Pierre de Fermat (1601 of 1607/8-1665)
- Johan de Witt (1625-1672)
- Christiaan Huygens (1629-1695)
- Isaac Newton (1643-1727)
- Johan Bernoulli (1667-1748)
- Daniel Bernoulli (1700-1782)
- Leonhard Paul Euler (1707 -1783)
- Joseph-Louis Lagrange (1736 -1813)
- Johann Carl Friedrich Gauss (1777-1855)
- Georg Friedrich Bernhard Riemann (1826 -1866)
- Jules Henri Poincaré (1854 -1912)
- David Hilbert (1862 -1943)
Fryske wiskundigen
- Gemma Frisius (1508-1555)
- Johannes Acronius Frisius (1520-1564)
- Sybrant Hanssen (1578-1647)
- Pibe Wouters (1580-16?)
- Wytze Foppes Dongjuma (1707-1778)
- Jacobus Pierson Tholen (1764-1824)
- Cornelis Ekama (1773-1824)
- Hindrik Kloosterman (1900-1968)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.