Wiron wie yn de Midsiuwen, in goa fan West-Fryslân.

It grûngebiet fan it goa omfette de hjoeddeistige gemeenten Wieringen en Wieringermar en letter ûnderrûne parten fan de tsjintwurdige Waadsee en de Iselmar.

Ut beskriuwingen is net dúdlik oft de hjoeddeiske polder Wieringerwaard by Teksla of by Wiron hearde. De Wieringerwaard kaam, krekt as de Wieringermar, ûnder wetter te stean foardat der goeie lânkaarten wienen.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.