Wintersport is een sammelnamme foar foarmen fan sport dy’t as wedstriidsport, rekreaasjesport as as fakânsjeferdivedaasje op it iis as yn de snie dien wurde.
Skiednis
De measte wintersporten binne ûntstien as alternatyf ferfier yn de wintermoannen as de diken en farwegen net mear begeanber wiene. Sa wurdt der al iuwen reedriden en prikslyde om iisflakten makliker oerstekke te kinnen. Nei ferin fan tiid waarden dizze alternative foarmen fan ferfier ek foar rekreative doeleinen brûkt. Sa waarden de earste koartebaanwedstriden voor reedriders al om 1800 hinne ferriden en waarden der ek wedstriden foar priksliders hâlden, faak sels letterlik foar spek en beannen.
It skyen ûntstie yn de Skandinavyske lannen. De skyûntwikkeling om 1860 hinne yn Telemark yn Noarwegen wurdt sjoen as de berte fan it skyen as sport. Fan dêr waard de sport yntrodusjearre yn de Alpenlannen. Skyen yn Skandinaavje waard ta noardsk-skye; yn de Alpen ûntstie it alpineskyen.
De toeristyske wintersport ûntstie foaral yn de Alpen om de rike bûtenlanners te fermeitsjen, Sankt Moritz yn Switserlân wurdt sjoen as bertegrûn fan de wintertoerisme ein 19e iuw. in hoteleigner wist een oantal Ingelske simmergasten te oertsjûgjen ek ris yn de winter te kommen. It wintersporttoerisme is al jierren fan grut belang foar de toeristyske sektor yn de alpenlannen en wurdt al lang net mear allinne dien troch de rike boargers.
Wintersport yn Fryslân
Yn Fryslân kinne ek oan wintersporten dien wurde. Sa is der yn Fryslân hast yn elk plak wol in natoeriisbaan te finen. Ek hat Fryslân twa keunstiisbanen de 400-meter baan Thialf op It Hearrenfean en de 200-meter baan Iishal Ljouwert yn Ljouwert.
Wannear't der yn de wintermoannen in goeie froastperioade oanbrekt kin der ek op bûtenwetter riden en slydzge wurde. Dat kin op eigen gelegenheid, mar der kin dan ek meidien wurde oan organisearre toertochten. De ôfstannen fan sa'n toertocht kin fariearje fan 2 oant 200 km. De tochten liede somtiden troch gebieten dy’t oars net as min tagonklik binne.
Terminology
Natoeriisbaan
In natoeriisbaan is in iisbaan mei natuerlik beferzen iis. Dit hâldt al yn dat er allinnich op riden as slydzge wurde kin as it iis sterk genôch is nei in pear dagen fan froast.
Keunstiisbaan
In keunstiisbaan is in iisbaan mei keunstmjittich oanmakke iis. Dizze iisbaan kin sawol yn de yn it waar lizze as oerdekt dan wol healoerdekt wêze. It grutte foardiel fan in keunstiisbaan is dat der gjin perioade fan froast nedich is om er op ride en slidzje te kinnen. Ek de iiskwaliteit kin better regulearre wurde.
Skypiste
In skypiste, of allinnich piste, is in markearre sône op ‘e flanken fan in berch dêr't skyd wurde kin. Meastentiids is de snie op sa’n piste bewurke dat der in ridlik feilige snielaach ûntstiet dêr't sûnder in soad risiko’s skyd wurde kin.
Oersjoch
Sniesporten
- Alpineskye: It alpineskyen is in foarm fan it skyen dy’t yn de Alpenlannen ûntstien is. Binnen it alpineskyen binne der fiif foarmen te ûnderskieden: de slalom, de reuzeslalom , de Super G, de ôfdaling en de alpine-kombinaasje
- Belslydjeie: It belslydjeien is it mei in belslyde sa hurd mooglik in bepaalde ôfstân troch de snie ôflizze.
- Bobslydzjen:
- Noardsk skye: Noards skye is de sammelnamme foar twa út Skandinaavje ôfkomstige skydissiplinnes, namlik it skânsspringen en it skyrinnen. De kombinaasje fan dizze sporten hjit de Noardske kombinaasje,
- Skânsspringen: by it skânsspringen skye de dielnimmers fan in skâns ôf, en probearje dêrby sa fier mooglik te springen.
- Skyrinne: By it skyrinnen moat der in trajekt ôflein wurde. Der binne twa stylen fan rinnen: ‘de klassike styl’, dêr't de skyer rjocht foarút by glydt, en de ‘frije styl’, dêr't in reedriidtechnyk by brûkt wurdt. In rûte foar langlaufers hjit in loipe. By de klassike styl binne dat twa spoaren.
Iissporten
- Iishokky en Slidehokky: Iishokky is in teamsport dy't spile wurdt op it iis. It is de bedoeling om de puk yn de goal fan de tsjinstanner te krijen.
- Iisspeedway: iisspeedway is in tûke fan de motorsport dêr't mei motors byop in iisbaan reesd wurdt.
- Iissile: Iissile is in foarm fan silen op beferzen marren. Hjirby wurdt in boat brûkt dêr’t redens ûnder set binne; de boatjes kinne snelheden fan mear as 100 km de oere helje.
- Koartebaanriden : It koartebaanriden is in foarm fan baanriden mei in rjochte baan.
- Keunstriden: It keunstriden is in sport dêr't solisten, pearen en groepen reedriders in kuer by ride: rotaasjes, sprongen en oare bewegingen op it iis, ornaris útfierd begelaat troch muzyk.
- Langebaanriden: It langebaanriden is in foarm fan baanriden dêr’t in baan yn omgongen by riden wurdt. It langebaanriden wurdt dien op in iisbaan fan 400 meter. Binnen it langebaanriden binne der ferskate foarmen mei elts har eigen ôfstannen. De sprint bestiet út de 500 en 1000 meter. De middenôfstân de 1500 en de langere ôfstannen 3000, 5000 en 10.000 meter. De kombinaasje fan dy ôfstannen wurdt "oer-alles" neamd; hjirby wurdt fan alle ferriden ôfstannen in klassemint opsteld dêr't alle ôfstannen likke swier by meitelle. Dêrnêst is der noch de ploechefterfolging.
- Maratonriden: Maratonriden is in foarm fan groepstart reedriden, oer grutte ôfstân, riden yn omgongen op keunstiis, of yn omgongen of tochten op natueriis. De bekendste maratonwedstriid fan Nederlân is de Alvestêdetocht, in tocht fan ien omgong fan 200 km, dy't allinnich riden wurde kin as it iis op gâns de rûte sterk genôch is.
- Prikslydzje: Prikslydzje is it slydzjen oer it iis, mei in prikslide.
- Pronkriden: By it pronkriden giet it der om, om pearsgewiis in sa moai mooglike ridersslach sjen te litten.
- Shorttrack: Shorttrack is in groepstart-foarm fan it reedriden. Der wurdt riden op in ovale baan fan 111,12 meter lang, meast mei 4 oant 6 dielnimmers tagelyk. Letterlik betsjut de namme “Koartebaan”, mar it is net deselde sport as it koartebaan fan it baanriden.
Sjoch ek
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wintersport fan Wikimedia Commons. |