Winfield S. Edgerly
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folútWinfield Scott Edgerly
nasjonaliteit Amerikaansk
berne29 maaie 1846
berteplakFarmington (Nij-Hampshire)
stoarn10 septimber 1927
stjerplakFarmington (Nij-Hampshire)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
tsjinsttiid18701909 & 19171917
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiellânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rangbrigadegeneraal (sûnt 1905)
befelL Komp./Am. 7e Kav.reg.
C Komp./Am. 7e Kav.reg.
Am. 2e Kavaleryrezjimint
Fort Myer
Dep. f.d. Golf
Dep. f. Dakota
Kav. en Art. Skoalle
konflikt(en)Grutte Sû-Oarloch fan 1876
Geastedûnsoarloch
Spaansk-Amerikaanske Oarloch
Filipynsk-Amerikaanske Oarloch
Earste Wrâldoarloch
treffen(s)Slach oan de Little Bighorn
Bloedbad fan Wounded Knee

Winfield S. Edgerly (folút: Winfield Scott Edgerly; Farmington (Nij-Hampshire), 29 maaie 1846 – dêre, 10 septimber 1927) wie in Amerikaansk militêr fan etnysk Ingelsk komôf. Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 tsjinne er by it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint en oerlibbe er de beruchte Slach oan de Little Bighorn. Yn 1890 wied er belutsen by it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee. Letter naam Edgerly diel oan 'e Spaansk-Amerikaanske Oarloch en de Filipynsk-Amerikaanske Oarloch. Hy gie yn 1909 mei de rang fan brigadegeneraal mei pinsjoen, mar kearde ûnder de Earste Wrâldoarloch koart yn aktive tsjinst werom.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Edgerly waard yn 1846 berne yn Farmington, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Hampshire, as de soan fan Josiah Bartlett Edgerly en Cordelia Waldron. Hy wie de oerpakesizzer fan kolonel Thomas Tash, dy't ûnder de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch yn 'e milysje fan Nij-Hampshire tsjinne hie. Edgerly genoat syn ûnderwiis oan iepenbiere skoallen yn Farmington en Effingham en studearre neitiid oan 'e prestizjeuze Phillips Exeter Academy yn Exeter. Yn 1866 waard er ynskreaun oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point, dêr't er yn 1870 ôfstudearre.

Iere militêre karriêre

Neitiid waard Edgerly op 15 juny 1870 mei de rang fan twadde luitenant tafoege oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, dat doe yn Fort Riley, yn Kansas, legere wie, en fan 1873 ôf yn Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's. Edgerly wie gauris fan syn rezjimint detasjearre en tsjinne û.m. yn it westlike legerhaadkertier yn Fort Leavenworth, yn Kansas, mar ek yn Fort Snelling, yn Minnesota, en oan 'e Amerikaanske frontier, yn Fort Totten, yn Noard-Dakota.

Dêrnjonken makke Edgerly in hoart diel út fan 'e Noardlike besettingsmacht yn it yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch fersleine Suden, wêrby't er stasjonearre wie op Mount Vernon, yn Kentucky; yn Meridian, yn Mississippy; yn Chester, yn Súd-Karolina; yn Opelika, yn Alabama; en yn Memphis, yn Tennessee. Fierders waard er twaris as ûnderdiel fan in militêre eskorte tafoege oan 'e Northern Boundary Survey, de lânmjittersekspedysje dy't de grins fan 'e Feriene Steaten mei Kanada fêstlei.

Priveelibben

Edgerley troude op 27 oktober 1875 yn St. Paul, yn Minnesota, mei in Grace Corey Blume (1856-1939). Ut dat houlik kaam yn 1881 ien bern fuort, in jonkje, dat de namme Winifred krige, mar yn 1885 mei trije jier yn Fort Leavenworth kaam te ferstjerren.

Tsjinst ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876

Under de Grutte Sû-Oarloch naam Edgerly yn 1876 mei it 7e Kavaleryrezjimint diel oan 'e simmerkampanje tsjin 'e Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho. Dêrby tsjinne er as ûnderbefelhawwer fan D Kompanjy, ûnder kaptein Thomas Weir. Op 25 juny, doe't de Yndianen it 7e Kavaleryrezjimint in ferpletterjende nederlaach tabrochten yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, hearde D Kompanjy ta it detasjemint fan kaptein Frederick Benteen.

De Amerikanen hiene dy deis in grut Yndiaansk doarp oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn yn súdlik Montana ûntdutsen, en foelen dat fan twa kanten oan. De fjildkommandant fan 'e 7e Kavalery, luitenant-kolonel George Armstrong Custer, die mei fiif kompanjyen út it noarden wei in wraam, wylst majoar Marcus Reno mei trije kompanjyen út it suden wei oanfoel. Kaptein Benteen waard mei trije kompanjyen nei it súdwesten ta stjoerd, om 'e ferwachte flecht fan 'e Yndianen ôf te snijen. Mar de Yndianen flechten net en de oanfal fan Reno waard ôfslein, wylst Custer mei syn troepen op in heuveltop ynsletten en folslein ferdylge waard.

Nei sa'n twa oeren lang sûnder súkses it rûge heuvellân ôfsocht te hawwen nei flechtsjende Yndianen, ûntfong Benteen in boadskip fan Custer mei it befel dat er him mei syn detasjemint, de reservekompanjy fan kaptein Thomas McDougall en de bagaazjetrein fan it rezjimint sa fluch mooglik by Custer jaan moast. Doe't de trije kompanjyen fan Benteen lykwols tichterby it Yndiaanske doarp kamen, brocht de Krieske ferkenner Heal Giel Gesicht it boadskip oer dat majoar Reno nei syn oanfal op 'e súdkant fan it doarp mei swiere ferliezen tebekwike moatten hie en dat de oansleine oerlibbenen fan dy trije kompanjyen har no weromlutsen hiene op in heech klif oan 'e eastkant fan 'e rivier, dat letter Reno Hill komme soe te hjitten.

Benteen keas der op dat stuit foar om 'e troepen fan Reno te fersterkjen ynstee fan syn oarders út te fieren en troch te riden nei Custer. Koarte tiid letter joech ek kaptein McDougall him by Reno en Benteen mei Kompanjy B en de bagaazjetrein. Benteen hie goede redens om in direkt befel yn 'e wyn te slaan (hy beskôge it as selsmoard om te besykjen om Custer te berikken mei't de nûmerike oermacht fan 'e Yndianen fierstente grut wie), mar syn beslissing foel net goed by in diel fan syn ûnderhearrigen, wêrûnder Weir en Edgerly. Doe't der op it klif oanhâldend gewearfjoer heard waard dat út it noarden kaam, frege Weir oan Edgerly oft dy it mei him iens wie dat D Kompanjy optsjen moast om Custer te fersterkjen. Edgerly antwurde befêstigjend, en sadwaande setten Weir en Edgerly likernôch trije kertier nei oankomst op it klif, om 17.00 oere hinne, tsjin 'e befellen fan Reno en Benteen yn op eigen manneboet mei D Kompanjy ôf nei it noarden. De kompanjy teach likernôch oardel kilometer op, nei in hichte dy't tsjintwurdich Weir Ridge (of ek wol Weir Point) hjit.

Dêrwei koene Weir, Edgerly en harren mannen omtrint 17.25 oere tusken krûdwolken troch sjen hoe't krigers te hynder yn 'e fierte op foarwerpen skeaten dy't op 'e grûn leine. It is ûndúdlik wat dat krekt west hat; der is gauris fan útgien dat it Custer syn lêste gefjocht op 'e heuveltop west hawwe moat, mar dêrfoar doocht de tiid net. Guon moderne histoarisy hawwe oppenearre dat it mooglik it gefjocht op Calhoun Hill wie, dat ûnderdiel útmakke fan Custer syn weromtocht. Tsjûgeferslaggen fan Yndianen sprekke dat lykwols wer tsjin, en de kwestje is noch altyd net útiten.

Yn elts gefal besleaten Reno en Benteen úteinlik om Weir en Edgerly te folgjen, wêrby't Benteen foarop gie en folge waard troch Reno syn oansleine detasjemint, mei McDougall syn B Kompanjy en de bagaazjetrein yn 'e efterhoede. Oanwaaksende druk troch Yndiaanske oanfallen op 'e troepen op Weir Ridge twong lykwols alle sân kompanjyen om tebek te wiken nei Reno Hill, noch ear't de bagaazjetrein 400 m ôflein hie. Op it klif namen se har âlde posysjes wer yn, en waarden dêr noch in dei lang belegere. Se koene der net wei, mar de Yndianen koene ek net troch harren linys hinne brekke. Tsjin 'e ein fan 'e middei fan 26 juny koe fan it klif ôf waarnommen wurde hoe't de Yndianen harren doarp opbrieken. Om dyselde tiid hinne holden de oanfallen ek op. De reden dêrfoar wie it neieroankommen fan 'e farske troepen fan brigadegeneraal Alfred Terry en kolonel John Gibbon. Dy arrivearren ier op 27 juny op it slachfjild en ûntsetten doe de detasjeminten fan Reno en Benteen.

Tsjinst oan 'e frontier

Nei ôfrin fan 'e Slach oan de Little Bighorn waard Edgerly mei weromwurkjende krêft op 25 juny 1876 befoardere ta earste luitenant mei it befel oer L Kompanjy. Fan ein juny oant 14 novimber tsjinne er teffens as de kertiermaster fan 'e 7e Kavalery. Hy waard twaris yn Fort Abraham Lincoln legere en ienris yn Fort Totten. Fierders wied er in skoft ferantwurdlik foar it beskermjen fan 'e postkoetsrûte tusken Fort Abraham Lincoln en Deadwood, yn 'e Black Hills. Yn jannewaris 1877 waard er oerpleatst nei C Kompanjy.

Yn jannewaris 1879 tsjûge Edgerly yn Chicago foar it Hof fan Undersyk dat gearroppen wie op oanfraach fan majoar Reno, dy't beskuldige wie fan leffens en plichtsfersom ûnder de Slach oan de Little Bighorn en op dy wize syn namme suverje woe. Neitiid tsjinne Edgerly op 'e nij yn Fort Abraham Lincoln en yn Fort Yates en brocht er in skoft troch as ynspekteur fan kavaleryhynders. Teffens wied er fan jannewaris 1883 oant oktober 1884 aktyf as rekrutearringsofsier mei as stânplak Cincinnati, yn Ohio. Dêr waard er op 22 septimber 1883 befoardere ta de rang fan kaptein. Fan 1884 oant 1885 wie Edgerly wer stasjonearre yn Fort Leavenworth, wylst er fan 1885 oant 1886 yn Fort Keogh, yn Montana, tsjinne.

It Bloedbad fan Wounded Knee

Edgerly hie it befel oer C Kompanjy fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint ûnder it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee. Dêrby slachte it Amerikaanske Leger op 28 desimber 1890 ûnder barre winterske omstannichheden in grutte groep fan yn 't foar fierhinne ûntwapene oanhingers fan 'e Yndiaanske geastedûnsbeweging ôf, mei 297 deaden ta gefolch, meast froulju en bern. Neitiid rikkemandearre Edgerly sersjant Frederick E. Toy oan foar in Medal of Honor, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding, foar "betoande dapperheid by it deasjitten fan fijannige Yndianen." (De ûnderskieding waard takend, mar Edgerly syn formulearring waard weilitten.)

Nei it Bloedbad fan Wounded Knee tsjinne Edgerly op oare plakken yn it doe stadichoan minder Wylde Westen. Fan 1892 oant 1895 lei er yn Teksas. Yn it skoaljier 1895-1896 wied er heechlearaar kriichskunde oan it Steatskolleezje fan Maine. En fan 1897 oant 1898 wied er ynstrukteur by de Nasjonale Garde fan Nij-Hampshire, yn Concord. Op 8 juny 1898 waard er befoardere ta luitenant-kolonel by de nasjonale garde mei de funksje fan ynspekteur-generaal. Fan juny 1898 oant jannewaris 1899 makke Edgerly diel út fan it Amerikaanske 2e Legerkorps, wêrby't er de funksjes fan ynspekteur-generaal en waarnimmend ynspekteur-generaal (yn dy folchoarder) ferfolle. Op 9 july 1898 waard er befoardere ta majoar yn it reguliere leger, en op 5 jannewaris 1899 waard er weromoerpleatst nei de 7e Kavalery.

Tsjinst om utens

Under de Spaansk-Amerikaanske Oarloch tsjinne Edgerly fan novimber 1899 ôf op Kuba, dêr't er legere wie yn Havana. Op 19 febrewaris 1901 waard er befoardere ta luitenant-kolonel yn it reguliere leger, hoewol't er by de 7e Kavalery oant maaie 1902 it befel hold oer in eskadron, wat eins in te beheind kommando wie foar ien fan syn nije rang. Neitiid waard er oerpleatst nei it 10e Kavaleryrezjimint. Dêrnjonken wied er fannijs aktyf as ynspekteur-generaal en ûndersocht er Spaanske oarlochsreparaasjes.

Yn july 1902 kearde Edgerly werom nei de Feriene Steaten, dêr't er oant 19 febrewaris 1903 wer by it 7e Kavaleryrezjimint tsjinne. Yn april fan dat jier folge in befoardering ta kolonel, wêrnei't er oant desimber 1903 kommandant fan 'e legerbasis Fort Myer wie, yn Firginia. Fan febrewaris 1904 oant jannewaris 1907 focht Edgerly ûnder de Filipynsk-Amerikaanske Oarloch op 'e Filipinen, in eardere Spaanske koloanje dy't de Amerikanen ûnder de Spaansk-Amerikaanske Oarloch ferovere hiene. Yn dy tiid fierde er efterinoar it befel oer de legerbases Camp Wallace de Union, Camp Stotsenburg en Camp McKinley. Op 23 juny 1905 waard er befoardere ta brigadegeneraal.

Lettere tsjinst

Nei't er weromkeard wie yn 'e Feriene Steaten hie Edgerly fan maart oant july 1907 it befel oer it militêre Departemint fan de Golf, wêrnei't er ôfreizge nei Dútslân om as waarnimmer oanwêzich te wêzen by de maneuvers fan it Dútske Keizerlike Leger. Letter hied er sit yn ferskate militêre kommisjes yn Washington, D.C., foar't er fan ein 1907 oant 1909 befelhawwer fan it militêre Departemint fan Dakota en kommandant fan 'e Amerikaanske Kavalery- en Artilleryskoalle yn Fort Riley wie. Fanwegen lichaamlike swierrichheden gied er op 29 septimber 1909 mei sikeferlof, dat in fearnsjier letter, op 29 desimber, omset waard yn in permaninte pinsjonearring.

Edgerly sette him doe wer nei wenjen yn syn berteplak Farmington, yn Nij-Hampshire. Doe't de Feriene Steaten yn 1916 behelle rekken yn 'e Earste Wrâldoarloch, kearde er koart werom yn aktive tsjinst en hied er fan 26 july oant 17 septimber 1917 it befel oer it mobilisaasjekamp fan it Amerikaanske Leger by Concord. Edgerly stoar tsien jier letter, op 10 septimber 1927, yn 'e âlderdom fan 81 jier yn syn berteplak Farmington. De deadsoarsaak wie groanyske nierûntstekking. Hy waard begroeven op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, by Washington, D.C.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.