Winchester is in merknamme en in oerkoepeljende beneaming foar in searje populêre hefboomladende repeteargewearen, dy't produsearre waarden troch de Amerikaanske Winchester Repeating Arms Company út New Haven. De earste Winchester wie de Winchester Model 1866 út 1866, dy't in ferbettere ferzje wie fan it Henry-gewear út 1860. It wie ien fan 'e ierste repeteargewearen. It twadde model, de Winchester Model 1873, wie noch folle súksesfoller. It wie ien fan 'e fjoerwapens dy't yn it bysûnder bydroegen ta de kolonisaasje fan it Wylde Westen, yn 'e mande mei de Colt .45-revolver, en it krige sadwaande de bynamme "The Gun that Won the West". It populêrst fan allegear wie de Winchester Model 1894, in nij ûntwerp fan John Browning, dat rûnom foar de jacht brûkt waard. Dêrfan waarden mar leafst 6 miljoen eksimplaren ferkocht foar't de produksje yn 2006, nei 112 jier, stillein waard. Yn 2010 naam de Japanske Miroku Corporation de Winchester Model 1894 fannijs yn produksje.
Winchester hefboomrepeteargewearen
De ierste Winchesters wiene hefboomrepeteargewearen mei in buisfoarmich magazyn ûnder de loop. Patroanen koene dêrút werladen wurde troch de hefboomwurking fan in twadde bûgel efter de trekkerbûgel ûnder de kolf. Sokke Winchester-gewearen waarden makke yn njoggen oanhâldend ferbettere modellen:
- Winchester Model 1866
- Winchester Model 1873
- Winchester Model 1876
- Winchester Model 1886
- Winchester Model 1892
- Winchester Model 1894
- Winchester Model 1895
- Winchester Model 88 (1955)
- Winchester Model 9422 (1972)
Winchester ienskotsgewear
De Winchester Repeating Arms Company makke mar ien ienskotsgewear, de Winchester Model 1885 Ienskotsgewear. It wapen waard yn 1885 yntrodusearre nei in ûntwerp fan John Browning út 1878, mei as doel om oan 'e groeiende fraach nei sa'n wapen te foldwaan dy't ûntstie troch de popularisaasje fan it sportsjitten. De Winchester Model 1885 Ienskotsgewear bleau yn produksje oant 1920.
Winchester skoattelgewearen
Yn it Ynterbellum ûntstie der in foarkar foar skoattelgewearen ynstee fan hefboomgewearen, om't sokke gewearen út in fjouwerkantige patroanhâlder wei laden wurde koene mei de mear avansearre Spitzer-kûgels. Yn sokke útnimbere patroanhâlders lizze de kûgels nammentlik opsteapele. Yn buismagazinen koene de spitsfoarmige Spitzer-kûgels om feilichheidsredens net laden wurde om't se dêr yn 'e lingterjochting efterinoar lizze, en it gefaar bestiet dat de iene kûgel by ûngelok de foarlizzende kûgel ôfgean litte kin. Sadwaande kamen skoattelgewearen, lykas it Dútske Gewehr 98 fan Mauser en de Amerikaanske M1903 Springfield mear yn 'e moade, ek al gie it útsmiten fan 'e ôfsketten patroan en it ynbringen fan 'e nije patroan yn 'e keamer by sokke wapens eins stadiger as by hefboomrepeteargewearen. Om mei te profitearjen fan 'e feroarjende merk begûn Winchester him doe mear ta te lizzen op 'e produksje fan skoattelgewearen. De wichtichste skoattelgewearen fan Winchester wiene:
- Winchester-Hotchkiss (1878)
- Winchester Model 52 (1920)
- Winchester Model 54 (1925)
- Winchester Model 70 (1936)
Winchester semy-automatyske gewearen
Fan 'e iere tweintichste iuw ôf produsearre Winchester fierders semy-automatyske gewearen, wêrmei't it bedriuw in pionier wie. Modellen wiene:
- Winchester Model 1903, yn 'e 1930-er jierren modernisearre ta de Winchester Model 63
- Winchester Model 1905
- Winchester Model 1907
- Winchester Model 1910
Winchester repetearjachtgewearen
Winchester produsearre ek ferskate modellen repetearjende jachtgewearen:
- Winchester Model 1887, bedoeld om laden te wurden mei buskrûd; nei de oergong op reekswak krûd modernisearre ta de Winchester Model 1901
- Winchester Model 1893, bedoeld om laden te wurden mei buskrûd; nei de oergong op reekswak krûd modernisearre ta de Winchester Model 1897
- Winchester Model 1911
- Winchester Model 1912
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|