Willem Aantjes yn 1974

Willem (Wim) Aantjes (Bleskensgraaf, 16 jannewaris 1923 - Utert, 22 oktober 2015) wie in Nederlânsk politikus. Hy waard ferneamd as fraksjefoarsitter fan de ARP en as earste fraksjefoarsitter fan it Kristen-Demokratysk Appèl (CDA) yn 1977. Hy hat de polityk ferlitten neidat út ûndersyk bliken die dat hy yn de Twadde Wrâldoarloch fouten makke hie. Letter waard konstatearre dat der by it ûndersyk flaters makke wienen dy’t him foar in grut part frij plachten.

Skiednis

Willem Aantjes hat rjochten studearre oan de Universiteit fan Utert, wêrnei’t er juridysk meiwurker waard by de Nederlânske Kristelike Oannimmers- en Boufakpatroansbûn. Yn 1959 waard er lid fan de grifformearde Anti-Revolúsjonère Partij (ARP), fan 1971 oant 1977 wie er fraksjefoarsitter fan de ARP yn de Twadde Keamer. Doe’t de ARP yn 1977 in mienskiplike fraksje foarme mei de Katolike Folks Partij (KVP) en de Kristlik Histoaryske Uny (CHU) waard Wim Aantjes de earste fraksjefoarsitter fan de nije CDA fraksje. Yn it begjin fan syn politike karrière wie er nochal konservatyf, letter stie er bekind as mear progressyf.

Ferneamd is syn “Berchrede” yn 1975 wêryn ’t er riddenearre hoe’t it evangeelje it rjochtsnoer wêze kin foar in kristlike sosjale polityk. Hy wie der ek gjin foarstanner fan, dat it CDA yn 1977 (nei in lange mislearre formaasje mei de PvdA) yn it regear kaam mei de VVD en hy makke earnstich beswier tsjin de oanskaf fan de neutroanebom. Hy wie ien fan de sân “lojalisten” dy’t it net iens wienen mei it regearakkoard fan it kabinet Van Agt I mar dy ’t it kabinet wol fernearden.

Yn novimber 1978 die út in ûndersyk fan it Ryks Ynstitút foar Oarlochs Dokumintaasje (RIOD) bliken, dat Willem Aantjes fouten makke hie yn de Twadde Wrâld Oorloch. Hy hie him (as jongeman fan amper tweintich jier) oansletten by de Germaanske SS om sa werom te kommen yn Nederlân neidat er te wurk steld wie yn Dútslân. Dat lidmaatskip hie er altyd ferswijd. Doe't dat útkaam, betsjutte dat it ein fan syn politike karrière. Letter die bliken dat der by it ûndersyk flaters makke wienen dy’t him foar in grut part frij plachten.

Aantjes hope werom te kommen as Keamerlid of lid fan de Ried fan Steat, mar dat barde net. Yn 1982 waard er beneamd ta foarsitter fan de Kampearried. Yn 1988 waard er lid fan de Ried foar de Folkshûsfêsting, fan 1990 oant 1993 as fice-foarsitter. Hy bleau belutsen by de polityk. Sa wie er yn 2010 fûl tsjinstanner fan de “gedoochstipe” troch de PVV. Willem Aantjes is 92 jier wurden.

Yn 2013 waard Aantjes syn 90e jierdei grut fierd troch en mei syn CDA-fronen. Willem Aantjes stoar yn de âldens fan 92 jier. [1]

Priveelibben

Aantjes wie boaske oan Gisela Braun en letter mei Ineke Ludikhuize, direkteur fan de kristlik-maatskiplike frouljusbeweging Passage.[2] Hy hie in dochter en twa soannen. Aantjes syn âldere broer Jan Aantjes (1920-2015) wie boargemaster.

Underskieding

Literatuer

  • Roelof Bouwman, De val van een bergredenaar: het politieke leven van Willem Aantjes, 2002, 440 siden, útjouwerij Boom - Amsterdam, ISBN 90-5352-717-6
  • Rob Vermaas, Willem Aantjes, 1977, 162 siden, Bert Bakker - Amsterdam, ISBN 90-6019-465-9
  • Boudewijn J. Smits, ‘Zwijgen en spreken in de affaire Aantjes’, Tijdschrift voor Mediageschiedenis, 10 (2007) 2, s. 65-89

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. CDA-prominent Willem Aantjes overleden, NOS.nl, 22 oktober 2015.
  2. 'Balkenende doet ook wel eens wat goed', Trouw, 2 juny 2010
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wim Aantjes fan Wikimedia Commons.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.