Willem de Vries | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1968 | |
berteplak | Quatrebras | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
prizen | Fryske Poppriis, Bernlefpriis, Gouden Sadel Award |
Willem de Vries (Quatrebras, 1968) is in Fryske programmamakker fan muzykprogramma Noardewyn (Live), oprjochter fan Wâldrock, popsjoernalist en eigener van Big Apple Management en Willem Wâldpyk Entertainment. De Vries wurke foar de omroppen Vara, Wrâldomrop, Omrop Fryslân. [1]
Willem de Vries trede al jong op as deejay mei house en trancemuzyk. Yn 1992 begûn hy oan in stúdzje Nederlânske Letterkunde oan de NHL.
Hy presintearre sûnt 1992 alve jier it muzykprogramma Popskuor en joech tegearre mei presintator Eric Ennema in soad bands in poadium. Geregeldwei waarden der live-opnames útsjoerd fanôf festivals as Wâldrock. Willem de vries hie Wâldrock yn 1980 opsetten mei Rinto Bekkema en Kees Koudstaal. Yn 2007 waard hy programmamakker/producer en presintator fan it muzykprogramma Noardewyn en Noardewyn Live. Ek yn Noardewyn krigen jonge, talintfolle acts in kâns en krigen nije lokale inisjativen in poadium. By live-útstjoerings op radio én telefyzje waard hy ynspirearre troch de programma’s fan de Britske presintator en muzikant Jools Holland.[2] As popsjoernalist makke hy namme en hy ynterviewde geregeldwei gutte nammen as Black Sabbath, Chi Coltrane, Dubliners, Boudewijn de Groot en Kim Wilde.
It stypjen fan de lokale popkultuer bleau lykwols it wichtichst foar him. It levere him yn 2013 de Fryske Poppriis op. De Vries krige de priis útrikt yn poppoadium Romein. Hy waard troch de sjuery wurdearre om it entûsjaste presintearjen.
Prizen
- Bernlefpriis (2016)
- Gouden Sadel Award (2014)
- Fryske Poppriis (2013)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|