Willem Verf (Snits, 17 july 1949) is in Frysk politikus en skriuwer.

Verf waard grutbrocht yn Snits en folge nei it Bogerman Lyceum in oplieding oan de Sosjaal Pedagogyske Oplieding Middelloo yn Amersfoort. Nei syn stúdzje waard er foarmingslieder yn Beetstersweach en sette him mei syn frou ta wenjen yn Ikkerwâld, no Damwâld. Nei funksjes yn it jongerenwurk, de folwoeksenenedukaasje en de arbeidsbemiddeling, waard hy yn 1996 direkteur fan de Stichting Help en Wolwêzen Ljouwert (HWL). Waard lid fan de Politike Partij Radikalen (PPR) en neidat dy partij opgien wie yn GrienLinks fan dy partij. Fan 1994 - 2004 wie Verf fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân.

Neist syn wurk skreau er Fryske boeken.

Wurk

  • 1982 : It bliuwt pielen (roman)
  • 1983 : In delgeande tiid (ferhalebondel)
  • 1987 : Tiid fan libjen (roman)
  • 1993 : De neisimmernacht fan Sjoerd en Eppy (novelle: boekewikegeskink)
  • 2008 : It swijen net wurdich (roman)
  • 2013 : Bûtenman & Bûtenfrou (roman)
  • 2017 : It sinfol bestean (roman)
  • 2023 : De wûndere leafde fan Emine en Einte (roman)

Prizen

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.