Willem Johannes Valk (Zoeterwoude, 22 oktober 1898 - Bennebroek, 6 novimber 1977) wie in Nederlânsk byldhouwer.
Hy krige syn oplieding oan de Keninklike Akademy foar Byldzjende keunsten yn De Haach. Fan 1921 oant 1963 wie er dosint oan Akademy Minerva yn Grins. Hy wie learmaster fan ûnder oare Wladimir de Vries, Klaas van Dijk, Thees Meesters en Rinus Meijer. Skulptueren fan him binne meast fan brûns en stien. Yn 1955 is de Kultuerpriis fan de provinsje Grinslân takend oan Valk.
Wurken yn Fryslân
- sûnder titel (1961)
- Mr. S.M. van Haersma Buma (1947)
- Joaris en de draak (oarlochsmonumint) (1950)
- Bijekoer (1965)
- oarlochsmonumint (1950)
- De Hoanne (1951)
- Bijekoer (1965) yn Ljouwert
- Hoogezand: Drintsk heideskiep (1958)
- Joris en de draak, Harns
- Frouljusfiguer (Delfsyl)
Keppeling om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Willem Valk fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.