Willem Loré
skildere fan Bernardus Accama

Willem Loré (Ljouwert, 1679Frjentsjer, 22 maaie 1744) wie in wettersteatkundige, ferneamd foar de diken dy't er ûntwurpen hat, wêrûnder foar de Nije Bildtpolder en de Dokkumer Nije Silen.

Willem Loré waard berne yn 1679 yn Ljouwert. Syn heit wie foarsjonger by de Waalske gemeente en joech dêrneist les yn wiskunde en Frânsk. Doe't Willem 12 jier wie ferstoar syn heit. Dêrtroch kaam Willem yn in Ljouwerter weeshús terjochte. Willem hie in talint foar wiskunde en wie neist syn deistich wurk iverich mei wiskundestúdzje dwaande.

Syn iverigens foel op by de reginten fan it weeshús. Ien fan harren soarge der foar dat Willem ynskreaun waard oan de Universiteit fan Frjentsjer. Dêr krige hy 8 jier les fan professor Fullenius Jr. (1640 - 1707). Nei dy tiid waard er promovearre ta lânmjitter en waard er ynstrukteur oan de Universiteit. Omdat er gjin les hân hie yn Gryksk en Latyn koe er net promovearje ta Professor en wie dat it heechste wat er berikke koe. Troch syn betûftens yn 'e wiskunde waard er geregeld frege om ferdigeningswurken, diken en slûzen te ûntwerpen.

Foar de oanlis fan diken kaam Willem Loré mei een revolusjonêr ûntwerp. Troch de diken breder te meitsjen, en fral troch se in flauwere falling te jaan, koene de diken wol in heale meter leger bliuwe as besteande diken wylst sy dochs sterker wiene. Boppedat koe it pealwurk, dat oan de bûtekant fan de besteande diken pleatst waard, ferfalle. Dêrtroch wiene de nije diken in stik goedkeaper yn oanlis en ûnderhâld. Willem Loré hie it opsicht oer de ynpoldering fan de Nije Bildtpolder yn 1715, de ôfsluting fan it Dokkumer Djip yn 1729 en de oanlis fan de Koudumer Slieperdyk yn 1732 en de Surger Slieperdyk yn 1733.

Neist syn wurk by de oanlis fan slûzen en diken gie Willem Loré troch mei lesjaan oen de universiteit. Yn 1736 kaam er sels oan it Steedhâlderlik Hof om de jonge Fryske Steedhâlder Prins Willem Karel Hindrik Friso yn de wiskunde te ûnderwizen. Yn 1743 krige Willem Loré noch in ûnderskieding foar syn fertsjinsten. Hy waard op 1 july 1743 oansteld as Professor Ekstra-Ordinaris yn de wiskunde. Lang hat er dêr net fan genietsje kind want op 22 maaie 1744 ferstoar Willem Loré yn de âldens fan 65 jier.

Literatuer

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.