Willem Harmsma (Hasselt, 30 septimber 1913 – Amsterdam, 11 novimber 1966) wie in Nederlânsk boargemaster en politikus.[1]
Libben en wurk
Harmsma wie in soan fan Oebele Harmsma en Jannetje Swaan. Heit waard berne op De Himrik, waard learaar yn Dokkum en letter skoalhaad yn Hasselt. Yn 1938 boaske Harmsma oan Greta Cornelia Otten (1909-1984).
Harmsma gie nei de HBS en wurke dêrnei as folontêr by de gemeente Hasselt en as amtner by de sekretary fan de gemeenten Borger (1933-1935) en Vriezenveen (1935-1937). Fan 1937 oant 1947 wie er adjunkt-direkteur fan de Verenigde Uitgeverijen Gemeente Administratie yn Foarburch.
Yn de Twadde Wrâldoarloch wie Harmsma warber yn it ferset.[2][3] Nei de befrijing waard er lid fan de need-gemeenteried fan Foarburch en dêrnei wethâlder fan finânsjes en loko-boargemaster. Per 1 desimber 1947 waard er beneamd ta boargemaster fan Opsterlân, dêr't syn pake en beppe ek wennen. Dêrnjonken wie er lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân en foarsitter fan de PvdA-fraksje.
Op 16 april 1966 waard Harmsma boargemaster fan Ljouwert. Sân moanne letter, op de weromreis fan in gearkomst yn De Haach, krige er yn Amsterdam in hertoanfal en stoar.[4] Hy waard te hôf brocht yn syn wenplak Olterterp.
Portret
De keunstskilder Sjoerd de Vries hat Harmsma portretearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|