Willem Gustaaf (Willem G.) van Maanen (Kampen, 30 septimber 1920 – 17 augustus 2012) wie in Nederlânsk sjoernalist en skriuwer. Yn 2004 krige er de Constantijn Huygenspriis foar syn hiele oeuvre.
Libben
Van Maanen waard berne yn Kampen, it plak dat letter faak it dekôr foar syn romans wêze soe. Hy waard opbrocht yn in lofts-libreaal fermidden. Syn heit wie de heechlearaar Ingelske taal- en letterkunde Willem van Maanen.
Yn de Twadde Wrâldkriich wie Van Maanen lid fan in fersetsgroep en joech er tegearre mei in freon ûnderdak oan Joaden. Skuld, mar sûnder religieuze noasje, is in wichtich tema yn syn oeuvre. Nei de oarloch waard er skriuwend sjoernalist en hat er foar de Wrâldomrop oan it wurk west.
Van Maanen debutearre as skriuwer yn 1953 mei de roman Droom is 't leven.
Van Maanen wenne syn lêste jierren yn Fryslân, yn Ie. Hy wie troud en hat trije bern. Van Maanen stoar op freed 17 augustus 2012 [1]
Typearring
"Het lezen van Willem G. van Maanen is een avontuur, een dwalen in een huis met steeds weer nieuwe deuren en onvermoede kamers", wie de sjury fan de Constantijn Huygensprijs 2004 fan betinken.
De yngrediïnten wêrme't Van Maanen syn nuvere ferhalen gearstalle binne lang net frjemd: it giet om leafde en leagen, moard en jinsels te koart dwaan, oarloch en dea, seks en erotyk, mar it fernuveret jin hieltyd wer hoe't er dy temas byelkoar bringt. De leugen tsjinnet it ôftwingen fan leafde, de leafde twingt ta ferneatiging. "Het liefste wat je hebt vernietigen, alleen maar omdat het te lief is om voort te bestaan", klinkt it yn Helse steen (1970).
De yngewikkelde ferhâlding tusken wierheid en leagen kin beskôge wurde as de kearn fan Van Maanen's wurk; dat wie al sa yn syn debút yn 1953. Syn personaazjes jouwe harren oer oan leagen en bedroch, se komme net ta ynsjoch; en wa't de wierheid ûntdekt, docht dat allinne im him dêrnei wer te bedobjen. Goed fyftich jier lang hat Van Maanen dat besef stal jûn en is it him slagge lêzers te ferlieden mei romanfigueren dy't lang net ferliedlik binne. Altyd liket it dat de wierheid skreaun hat, "omdat je alleen door de oppervlakte weer te geven de diepte kunt suggereren", sa't er it sels hawwe wol. Of mei in oar sitaat: "het doel van het schrijven is het verbergen." Dat hat as resultaat in ferhoalenens, of sis mar geheimsinnigens, dy't bygelyks yn Helse steen in ferhaal opsmyt oer it taboe fan de ynsestueuze ferhâlding fan in soan mei syn mem ("Als kind wilde ik al met mijn moeder trouwen", sa begjint er de roman, "maar mijn vader zat er tussen, dus kwam het er niet van"). Dêrút blykt tagelyk de grutte ynfloed fan de psycho-analyse fan Freud yn it wurk fan Van Maanen. De minsk as tsjinstridich (bewust/ûnbewust) wêzen, ferballe út it paradys (memmeskerte), langjend om der net te wêzen, dat fol driuw ta ferneatiging, mei dreamen en bedroch.
De romans fan Van Maanen rint it nea goed yn ôf, "en zo hoort dat ook", fûn er sels.
Hoewol't Van Maanen troch in protte minsken as ien fan de grutste Nederlânske skriuwers fan de lêste desenniums beskôge wurdt, is it grutte publyk relatyf ûnkundich fan him bleaun. Van Maanen oppenearre him hast net yn it iepenbier.
Prizen
- 1955 - Lucy B. en C.W. van der Hoogtpriis foar De onrustzaaier
- 1962 - Proazapriis fan de gemeente Amsterdam foar De dierenhater
- 1983 - Ferdinand Bordewijk Priis foar Het nichtje van Mozart
- 1998 - Charlotte Köhler-priis foar Literatuer foar Vrouw met Dobermann
- 2001 - Sjoerd Leikerpriis foar syn hiele oeuvre
- 2004 - Constantijn Huygenspriis foar syn hiele oeuvre
Bibliografy
- 1953 - Droom is 't leven (debútroman)
- 1954 - De onrustzaaier
- 1956 - Al lang geleden
- 1960 - De dierenhater
- 1960 - Taal noch teken
- 1964 - De verspeelde munt
- 1966 - Een onderscheiding
- 1970 - Helse steen
- 1973 - De hagel is gesmolten
- 1974 - Hebt u mijn pop ook gezien?
- 1981 - Een eilandje van pijn
- 1983 - Het nichtje van Mozart
- 1988 - Etty
- 1990 - Valsheid in geschrifte, of De vrouw met de schaar
- 1994 - Dubbele inktpot, enkele pen
- 1994 - Vertelde tijd
- 1995 - Meneer Grönloh
- 1997 - Vrouw met Dobermann
- 2000 - Een huis van lief en leed
- 2006 - Heb lief en zie niet om
- 2010 - Bagatellen
Keppelings om utens
- Van Maanen yn de dbnl, mei sekundêre literatuer
- Radioprogramma's út it VPRO-radioargyf fan en mei Willem G. van Maanen
- Wiidweidich petear mei Van Maanen oer libben en wurk. NRC 30 septimber 1994, Dubbelgangers en driehoeksrelaties; Willem G. van Maanen over oorlog, seksualiteit en het gebrek aan erkenning
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|