Wikel
Flagge fan Wikel Wapen fan Wikel
Flagge Wapen
Lokaasje fan Wikel
Gemeente De Fryske Marren
Ynwennertal (2012) 681
Webstee Webstek Wikel
De tsjerke fan Wikel (2008)

Wikel is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, súd fan de Sleattemer Mar. It doarp hat likernôch 650 ynwenners (2023).

Tsjerke

Yn de buorren stiet de Fêste Boarchtsjerke, de herfoarme tsjerke út de 14e iuw. Doe wie it in krústsjerke, no in sealtsjerke dy't wijd wie oan Sint Gregoarius. De liedklok is fan 1388. Yn de tsjerke leit it prielgrêf fan baron Menno van Coehoorn (1641-1702) de ferneamde festingbouwer. It leit tusken de grêfstiennen fan syn soannen Hindrik Casimir († 1756) en Gozewijn Theodoor († 1736). En stiennen foar in skoansoan fan Gozewijn Theodoor fan Coehoorn, Frederik Willem fan Limburg Stirum († 1747) en Menno syn dochter Geertruyd Alegonde († 1737). Oan de râne fan Wikel leit it oan de Menno van Coehoornbosk. Yn dy bosk, ek wol de "Du Toursbosk" neamd, stie fan likernôch 1680 oant 1811 it slot Meerenstein fan de baron Van Coehoorn. Dêr steane ek in soad stinzeplanten. De bosk wurdt beheard troch It Fryske Gea.

Mienskip

Yn Doarpshûs Irene hat de feriening foar Pleatslik Belang syn gearkomsten. Op it iepen plak yn de bosk leit no de iisbaan.

Ferienings

  • De Bargebeck - biljerten
  • Melodia - muzyk
  • Oan Set - damjen en skaken
  • DTG - kuorbal

Befolking

Ferskaat

  • Yn 2005 is der in boek oer de skiednis fan Wikel ferskynd.
  • Bekende ynwenster is hurdrydster Marrit Leenstra
  • Yn it tichteby lizzende natoergebiet de Sânpoel stiet ek in tsjasker.

Iepenbier Ferfier

  • Busline 41: It Hearrenfean - De Jouwer - Skarsterbrêge - Sint Nyk - Spannenburch - Tsjerkgaast - Sleat - Wikel - Balk

Strjitten

De Vinkebuorren, Dokter Hattinkstrjitte, Du Toursstrjitte, Festing, Gaastfjurwei, Heerenhoogwei, Iwert, J Hornstrawei, Jachtlustwei, Lynbaan, Lunenburchpaad, Menno van Coehoornwei, Meerenstein, Munnikeleane, Sânmar, Vogelzangwei.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
De Fryske Marren
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.