De Wielsfeart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De Wielsfeart foarme oant de gemeentlike weryndieling de grins fan de gemeenten Nijefurd en Gaasterlân-Sleat. De feart rint fan Laaksum nei it noarden en komt noarwest fan Bakhuzen út yn de Bakhúster Feart.
De namme Wielsfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Wielvaart.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.