Wiebe Kort
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte nammeWiebe Bauke Kort
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum8 maaie 1944
berteplakKoartsweagen
stjerdatum24 febrewaris 2021
stjerplakAppelskea
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sporthurdsilen
ûnderdielSechtjinkwadraat
earste titelNK (1970)
ekstraReedrydtrener (1965 - 1980)

Wiebe Bauke Kort (Koartsweagen, 8 maaie 1944Appelskea, 24 febrewaris 2021) wie in Fryske hurdsiler, seilmakker en reedrydtrener.

Biografy

Kort helle as siler de bêste resultaten yn Sechtjinkwadraat klasse. Hy waard nasjonaal kampioen yn dy klasse yn 1970 tegearre mei Otto de Vries út De Gordyk yn ien fan de boaten dy't er sels makke hie. Fan 1963 ôf die er mei oan fyftich Snitswiken en wûn njoggen kear.

Hy wie reedrydtrener tusken 1965 en 1980 en trener fan de regionale seksje en letter fan Jong Oranje. Hy treende ûnder oaren Ria Visser, Alie Boorsma, Akke Falkena en Grietje van der Meer.

Kort begûn yn 1980 syn eigen seilmakkerij yn'e mande mei Ruud Smits.

Kort wie 46 jier troud mei Jellie van der Schaaf. Sy krigen twa soannen: Thijs en Erik dy't ek silers wiene en ferskate prizen wûne. De lêste jierren fan syn libben waard syn sûnens minder. Hy stoar yn Appelskea yn de âldens fan 76 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.