De Wibautlearstoel is in troch de gemeente Amsterdam ynstelde learstoel oan de Universiteit fan Amsterdam.
De learstoel waard yn 1991 ynsteld, en is bedoeld foar de stúdzje fan grutstedske problematyk. De oanbelangjende heechlearaar hâldt him yn de hjoeddeistige opset twa dagen yn 'e wike dwaande mei ûnderwiis en ûndersyk op it mêd fan de grutstedske problematyk, benammen rjochte op Amsterdam.
Sûnt 2023 wurdt de Wibautlearstoel beset troch polityk filosoof en antropolooch Femke Kaulingfreks (1981), dy't foar fiif jier beneamd is. [1].
De learstoel waard efterinoar beklaaid troch:
- Willem Heinemeijer (1992 - 1993)
- Annemieke Roobeek (1994 - 1996)
- Jan Terlouw (1997 - 2000)
- Geert Mak (yn 2000 foar fiif jier beneamd, mar op eigen fersyk al yn 2003 ferfange [2])
- Paul Scheffer (2003 - 2011)
- Zef Hemel (2011 - 2023)
- Femke Kaulingfreks (2023[1] - no)
De learstoel is ferneamd nei de Amsterdamske wethâlder F.M. Wibaut (1859-1936).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.