White Bear Earste Naasjes | ||
Ingelsk | White Bear First Nations | |
lânseigen | Matóska Oyáde | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Kanada | |
provinsje | Saskatchewan | |
haadkertier | Carlyle (Saskatchewan) | |
etnisiteit | Kry, Odjibwe, Assiniboin, Eastlike Dakota | |
ledetal | 2.100 (2006) | |
oprjochting | 1875 | |
status | erkend | |
erkenning | Kanada | |
reservaat | ||
reservaat | White Bear E.N. Res. 70 Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen | |
lokaasje | súdeastlik Saskatchewan | |
oerflak | 120,4 km² | |
ynwennertal | 790 (2006) | |
offisjele webside | ||
whitebearfirstnation.ca | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Saskatchewan.
|
De White Bear Earste Naasjes (Ingelsk: White Bear First Nations; Assiniboin: Matóska Oyáde) binne in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei in eigen reservaat yn it suden fan 'e provinsje Saskatchewan. De stamme wurdt ek wol de White Bear Earste Naasje (inkeltal) neamd, al is de eigentlike namme yn meartal om't der yn 'e stamme fjouwer ûnderskate etnyske groepen feriene binne. ("Earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep.) De White Bear Earste Naasjes waarden as offisjele stamme-organisaasje oprjochte yn 1875, en hiene neffens gegevens út 2006 doe 2.118 leden. It haadkertier is fêstige yn Carlyle, yn Saskatchewan.
Demografy
De leden fan 'e White Bear Earste Naasjes besteane út etnyske Kry (Cree), Flakte-Kry, om persiis te wêzen; Assiniboin (Assiniboine); Odjibwe (Ojibwe) fan 'e Flakte-Odjibwe-substamme; en dêropta noch in hantsjefol Eastlike Dakota fan 'e Wahpeton-stamme. It is wat dreech om 'e stamme neffens etnyske linen op te spjalten mei't der mar frijwat yninoar omtroud is, mar rûchwei is de yndieling sa: 1.100 Kry, 800 Assiniboin, 200 Odjibwe en 100 Dakota. De lânseigen talen dy't noch troch de stamme sprutsen wurde, binne it Kry, it Assiniboin en it Odjibwe.
Reservaat
De White Bear Earste Naasjes hawwe in eigen reservaat, te witten: it White Bear Earste Naasjes Reservaat 70 (White Bear First Nations 70 Reserve), dat 13 km benoarden de stêd Carlyle oan Highway 9 leit. It hat in oerflak fan 120,4 km², en fan 'e goed 2.100 stamleden wennen der yn 2006 785 yn it reservaat. De stamme hat der in eigen bestjoersgebou, in sportstadion, klinyk, skoalle en sporthal. Teffens diele de White Bear Earste Naasjes it Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen Yndianereservaat 77 (Treaty No. 4 Reserve Grounds 77 Indian Reserve) mei 34 oare stammen út súdlik Saskatchewan en Manitoba. De White Bear Earste Naasjes hearre ta de Federaasje fan Yndiaanske Naasjes fan Saskatchewan, in yntertribaal gearwurkingsferbân.
Skiednis
Yn 1875 tekene it opperhaad Wahpamekwa foar de doe 82 minsken tellende White Bear Earste Naasjes it Ferdrach Nû. 4 mei it Kanadeeske regear. Twa jier letter, yn 1877, waard oan him en syn minsken in eigen reservaat taparte. Yn 1901 waarden de Ocean Man Earste Naasje en de Pheasant Rump Earste Naasje by it reservaat fan 'e White Bear-stamme yntroppe, en hoewol't dêrby ûnthjitten wie dat it reservaat fergrutte wurde soe, barde dat pas yn 1903, neidat de stammen $1,23 de acre delteld hiene. De ôfstammelingen fan 'e Ocean Man- en Pheasant Rump-troepen dagen it Kanadeeske regear oer dizze saak letter foar it gerjocht, en mei it jild dat harren by wize fan skikking útkeard waard, diene de White Bear Earste Naasjes guon snoade ynvestearrings. Sa waard yn 1978-1979 it White Bear Lake Resort (in fakânsjepark) oanlein, folge troch de White Bear Golf Course (in golfbaan) yn 1987. Yn 1993 rjochte de stamme in eigen oaljemaatskippij op, White Bear Oil & Gas, Ltd., en in eigen kasino, it Bear Claw Casino and Lodge gie datselde jiers iepen yn in klubhûs fan 'e golfbaan; it eigentlik kasinogebou kaam yn 1996 ree.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |