Weybridge
Huzen yn Georgyske styl oan Hillcrest Court
Huzen yn Georgyske styl oan Hillcrest Court
Polityk
Lân Ingelân
GreefskipSurrey
RegioSúd-East Ingelân
Sifers
Ynwennertal15.449 (2011)
Oerflak13,73 km²
Befolkingsticht.1.125 / km²
Hichtem
Oar
PostkoadeKT13
TiidsôneUTC+0
SimmertiidUTC
Offisjele webside
[]
Kaart fan Weybridge (2006)

Weybridge is in plak (town) yn it distrikt Elmbridge, yn it Ingelske greefskap Surrey. De namme komt fan de rivier Wey, dy't yn Weybridge yn de Teems útmûnet; it plak ûntstie dêr meidat de rivier dêr maklik oerstutsen wurde koe.

Weybridge is bekend fan it Brooklands Racing Circuit, ien fan de earste racesirkwys fan de wrâld. Dêr stiet ek in motorsport- en loftfeartmuseum.


Bekende lju út Weybridge

  • James Somerville (1882–1949), admiraal
  • Jacqueline Bisset (* 1944), aktrise
  • Paul Casey (* 1977), golfspiler
  • Richard Hughes (1900–1976), skriuwer
  • Colin Davis (1927–2013), dirigint
  • R.C. Trevelyan (1872–1951), skriuwer en oersetter

John Lennon, Tom Jones, Engelbert en Cliff Richard hawwe in skoft yn Weybridge wenne. Warwick Deeping, in bekende Britske skriuwer, libbe en arbeide dêr oant syn dea ta. E.M. Forster skreau syn bekendste boek, Howards End, yn Weybridge, 1908–10

Keppelings om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.