Wetterskip Blije Bûtendyks wie de namme fan it lytste Fryske wetterskip, dat oan de noardkant fan Blije lei. It waard oprjochte yn 1917 en wie ek it lytste wetterskip fan Nederlân.
It wetterskip omfieme in gebiet fan likernôch 100 hektare bûtendyks gebiet, dat sûnder problemen blank komme koe te stean, omdat der gjin minsken op wennen. De organisaasje wie de útsûndering op in proses fan skaalfergrutting by de Nederlânske wetterskippen, dat yn de rin fan de tweintichste iuw op gong kaam en dêrtroch fan de 2500 wetterskippen yn Nederlân yn 1950 der yn 2005 noch mar 27 oerbleaun wienen. Wylst alle oare Fryske wetterskippen yn 2004 part waarden fan it Wetterskip Fryslân, bleau Blije Bûtendyks selsstannich. Dat kaam trochdat it bestjoer fan it wetterskip it net iens wurde koe mei It Fryske Gea oer it behear fan it gebiet. De ferwachting wie yn 2008 al dat ek Blije Bûtendyks nei ferrin fan tiid yn it Wetterskip Fryslân opgean soe.
Op 23 maaie 2010 gie it kantoar fan it wetterskip yn Blije folslein ferlern troch in útslaande brân. Om reden fan it ûntbrekken fan bewenners die it net mei oan Wetterskipsferkiezingen.[1] Yn septimber 2017 makke de provinsje Fryslân buorkundich dat it wetterskip opheft wurde soe. It beslút waard goedkard troch it Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat op 13 maart 2018; dêrnei is it beslút publisearre en jildich wurden op 17 maaie 2018.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|