wetterpiper | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Anthus spinoletta | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De wetterpiper (Anthus spinoletta), ek wol strânpiper, is in sjongfûgel út de famylje fan de wipsturt- en piperfûgels.
Foarkommen
De wetterpiper is yn fûgel fan sa’n 16 sm, d.w.s. in bytsje grutter as in (hús)mosk. De fûgel hat in griis-brune, streekte rêch en griiseftige kop mei in ljochte eachstreek. De boarst is gieleftig rôze en de bûk is fealwyt.
Fersprieding
De wetterpipers briede op berchgreiden yn ‘e buert fan wietigens. Yn de winter sykje se kustgebieten, riviersiggen, sompen en wiete ekers op. De fûgels briede yn Sintraal- en Súd-Jeropa, en West- en Sintraal-Aazje. Se oerwinterje yn West- en Súd-Jeropa en subtropysk Aazje.
Yn Nederlân komt de wetterpiper allinnich as wintergast (5000-10.000 jierliks) en trochtrekker (2000-10.000 jierliks) foar. Yn de winter binne de measte wetterpipers by de grutte rivieren en de Hollânske en Flevolânske plassen te fine. In Fryslân is de wetterpiper in frij seldsume trochtrekker en wintergast.
Iten
De wetterpipers ite meast ynsekten en spinnen, en bytiden ek plantaardich fiedsel en algen.
Taksonomy
De wetterpipersoarte hat trije ûndersoarten:
- Anthus spinoletta spinoletta ('Jeropeeske wetterpiper') : Midden- en Súd-Jeropa
- Anthus spinoletta coutelli ('Kaukasuswetterpiper'): Turkije, Kaukasus en Noard-Iran
- Anthus spinoletta blakistoni ('Aziatyske wetterpiper'): Sintraal-Aazje