De wetten fan Newton besteane út trije natuerwetten dy't streekrjochte relaasje biede tusken de krêft dy't op in foarwerp útoefene wurdt en de beweging fan dat foarwerp. Hja waarden foar it earst gearstald troch Sir Isaac Newton yn syn wurk Philosophiae Naturalis Principia Mathematica (1687).
De trije wetten
Earste wet: de wet fan de stadigens
In foarwerp sil yn rêst bliuwe of mei in oanhâldende faasje bewegen bliuwe, of it moat wêze dat der in netto krêft op wurket. As der gjin resultearjende krêft op in foarwerp ynwurket, kin der gjin feroaring yn de faasje plakfine.
Twadde wet: krêft feroaret de faasje
De feroaring fan de ympuls is rjocht lykredich mei de resultearjende krêft en folget de rjochte line dêr't de krêft yn wurket. De netto krêft op in foarwerp is itselde as syn massa fermannichfâldige mei syn akseleraasje. De formule is:
As de massa net feroaret[1] jildt foar de krêft
mei
- de massa fan it foarwerp
- de akseleraasje (feroaring fan de faasje de tiidsienheid) fan it swiertepunt fan it foarwerp
Tredde wet: aksje en reaksje
As in foarwerp A in krêft op in foarwerp B útoefenet, giet dy krêft mank mei deselde grutte, mar tsjinoerstelde rjochte krêft fan B op A. Foar eltse aksje is der deselde of in tsjinstelde reaksje. De sterke foarm fan de wet stelt fierder dat dy twa krêften yn deselde line wurkje. Dy wet wurdt gauris ferienfâldige nei de sin "Eltse aksje hat deselde en tsjinoerstelde reaksje".
Gravitaasjewet fan Newton
Fierder is der noch de gravitaasjewet fan Newton, dy't ek wol de fierde wet fan Newton neamd wurdt. As allinnich de earste trije wetten bedoeld wurde, wurde dy ek wol oantsjut as de bewegingswetten fan Newton. De gravitaasjewet fan Newton is:
- Eltse puntmassa oefenet in krêft út op eltse oare puntmassa. Dy krêft is rjochte by de line del dy't beide punten ferbynt en is lykredich mei it produkt fan de massa's en is omkeard lykredich mei it kwadraat fan de ôfstân tusken beide massa's.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|