De Lânferdielingswet fan 1887 (General Allotment Act of 1887 of Dawes Act) oannommen troch it Amerikaanske Kongres joech de presidint it foech om lân yn yndianereservaten yn dielen te ferdielen foar yndividuele yndianen en jou harren it rjocht om stikken wer te ferkeapjen.
De wet waard ferneamd nei syn ûntwerper, Senator Henry Laurens Dawes fan Massachusetts. De wiere bedoeling fan de wet wie om yndianen yn te boargerjen yn de Amerikaanske maatskippij, middels partikulier eigendom soe dat berikt wurde kinne waard tocht. De wet skreau ek foar dat de oerheid in "oerskot" fan yndianelân oanskaffe koe en om dat yn parten wer te ferkeapjen oan net-yndianen.
Op 18 juny 1934 hat Presidint Franklin D. Roosevelt in ein makke oan de wet en waard dy ferfongen troch de Indian Reorganization Law dy't in ein makke oan de lânferdielings en yndianen mear rjochten joech en it foech in eigen regear te foarmjen.
Keppeling om utens
- Dawes Act of 1887: folle tekst fan de Native American Documents Project
- Wheeler-Howard Act (Indian Reorganization Act) 1934
- Oklahoma Digital Maps: Digital Collections of Oklahoma and Indian Territory