Weststellingwerf

De rivier de Tsjonger by Skoattersyl.
flaggewapen

Wapen fan Weststellingwerf
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
boargemasterAndré van de Nadort (PvdA)
sifers en geografy
haadplakWolvegea
grutste plakWolvegea
ynwennertal26.507 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens119 / km²
oerflak228,45 km²
● wêrfan lân220,30 km²
● wêrfan wetter8,15 km²
tal doarpen26
ferkearsierenA32, N351
skiednis
oprjochte1851
oant 1851 Gritenij Weststellingwerf
oar
netnûmer0527, 0561
postkoade8388–8398, 8470–8472,
8474–8479, 8481–8489
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.weststellingwerf.nl

Weststellingwerf (Nederlânsk en offisjeel: Weststellingwerf; Stellingwerfsk: Weststellingwarf) is in gemeente yn it suden fan Fryslân, mei 26.507 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS).[1] It hat in oerflak fan 228,45 km², wêrfan 8,15 km² wetter. De gritenij Weststellingwerf waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke. Weststellingwerf foarmet mei de gemeente Eaststellingwerf de Stellingwerven. Fanâlds wurdt hjir Stellingwerfsk sprutsen. Hjoed de dei fynt men der ek in soad Frysk- en Nederlânsktaligen.

Geografy

Kaart fan gemeente Weststellingwerf

It haadplak is Wolvegea en de oare plakken yn de gemeente binne: Aldeholtpea, Aldeholtwâlde, Aldetrine, Aldlemmer, Blesdike, De Blesse, Boyl, Easterstreek, Finkegea, De Hoeve, De Langelille, Munnikebuorren, Nijeholtpea, Nijeholtwâlde, Nijetrine, Nijlemmer, Noardwâlde, Pepergea, Sânhuzen, Skerpenseel, Slikenboarch, Sonnegea, Spangea, Steggerda en Teridzert.

Taal

Histoarysk sjoen makket Weststellingwerf ûnderdiel út fan de Stellingwerven, mar it Stellingwerfsk is foar it meastepart al ferdreaun út it gebiet. De taal is benammen ferdreaun troch it Nederlânsk. Dochs bestiet der noch in treftige mienskip Stellingwerfsktaligen yn de gemeente, likernôch 28% fan de minsken hawwe it Stellingwerfsk noch as memmetaal, wylst it Nederlânsk troch 52% en it Frysk troch 18% fan de minsken as memmetaal sprutsen wurdt.[2] Yn Weststellingwerf bestiet gjin gemeentlik belied op it mêd fan de Fryske taal.[3]

Untwikkeling ynwennertal

Jier20022008201120172021
Ynwenners25.80425.67925.84625.70126.130

Polityk

Ferkiezingsresultaten foar de gemeenteried sûnt 1998:[4]

Gemeenteriedssiten
Partij1998200220062010201420182022
VVD3445554
Weststellingwerfs Belang1433324
CDA4544443
Sociaal Duurzaam Weststellingwerf *53
Blijf Stellingwarfs23
GrienLinks2223222
D6612
PvdA *55865
Weststellingwerf Natuurlijk! *1
Vrijheid Voor Allen *1
Sociaal Democratische Partij41
Totaal19212121212121
Opkomst60,5%57,1%58,5%51,8%53,7%55,0%50,0%

» * Sociaal Duurzaam Weststellingwerf: gearwurking fan PvdA, Weststellingwerf Natuurlijk! en Vrijheid Voor Allen (VVA).

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Informatie gemeente Weststellingwerf, AlleCijfers.nl
  2. De Bosatlas van Fryslân, Grins, 2009 (Noordhoff Atlas Producties), ISBN 978-9 00 17 79 047, s. 284.
  3. De Bosatlas van Fryslân, Grins, 2009 (Noordhoff Atlas Producties), ISBN 978-9 00 17 79 047, s. 177.
  4. Weststellingwerf, nlverkiezingen.com
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Weststellingwerf fan Wikimedia Commons.
             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten

eardere gemeenten

Aenjewier (1851–1934)
Baarderadiel (1851–1984)
Barradiel (1851–1984)
It Bilt (1851–2018)
Boalsert (1455–2011)
Boarnsterhim (1984–2014)
Doanjewerstâl (1851–1984)
Dokkum (1298–1984)
Dongeradiel (1984–2019)
Drylts (1268–1984)

East-Dongeradiel (1851–1984)
Ferwerderadiel (1851–2019)
Frjentsjer (1374–1984)
(âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984)
(nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018)
Gaasterlân (1851–1984)
Gaasterlân-Sleat (1984–2014)
Haskerlân (1851–1984)
Hylpen (1372–1984)
Himmelumer Aldefurd (1851–1984)

Hinnaarderadiel (1851–1984)
Idaerderadiel (1851–1984)
Kollumerlân (1851–2019)
Lemsterlân (1851–2014)
Littenseradiel (1984–2018)
Ljouwerteradiel (1851–2018)
Menameradiel (1851–2018)
Nijefurd (1984–2011)
Raerderhim (1851–1984)
Skarsterlân (1984–2014)

Skoatterlân (1851–1934)
Sleat (1426–1984)
Snits (1292–2011)
Starum (1061–1984)
Utingeradiel (1851–1984)
Warkum (1399–1984)
West-Dongeradiel (1851–1984)
(âld) Wymbritseradiel (1851–1984)
(nij) Wymbritseradiel (1984–2011)
Wûnseradiel (1851–1984)


wizigje
Weststellingwerf
Doarpen en útbuorrens:
AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzertWolvegea
Buorskippen:
BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.