Westsûaanske talen | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Echt Sûaanske talen | |
lokaasje | sintraal Noard-Amearika | |
tal talen | ±14 en ±7 † | |
tal sprekkers | ±40.000 | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Sûaansk | |
subgroepen | ● Mandan †? ● Mississippydelling-Sûaansk ● Missourydelling-Sûaansk ● Ohiodelling-Sûaansk † |
De Westsûaanske talen of Echt Sûaanske talen binne in grutte famylje fan Yndiaanske talen út Noard-Amearika, dy't it grutste part fan 'e Sûaanske taalfamylje foarmje. Se binne besibbe oan 'e lytse Eastsûaanske of Katôbyske taalkloft.
Taalkundige en histoaryske oanwizings lykje op in súdlike oarsprong fan 'e Sûaanske folken te tsjutten. Oer in tiidrek fan mear as tûzen jier soene se fan Noard-Karolina en Firginia nei Ohio ta migrearre wêze, om dêrwei de rivier de Ohio streamôf te folgjen nei de delling fan 'e Mississippy. Sa bedarren se yn it gebiet dat no de Amerikaanske steaten Illinois, Wiskonsin en Minnesota foarmet, en dat sjoen wurdt as de widze fan 'e Westsûaanske folken.
De opbou fan 'e Westsûaanske taalfamylje is sa:
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography en References, op dizze side. |