Westerwâldsk
algemien
oare namme(n)Westerwâldingersk
eigen nammeWesterwoolds
lânseigen ynNederlân
tal sprekkers16.000
skriftit Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamyljeYndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Súdwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk - Nedersaksysk - Friso-Saksysk - Grinslânsk - Westerwâldsk
dialektengjin
taalstatus
offisjele statusit Westerwâldsk wurdt beskôge as in dialekt fan it Grinslânsk; beide genietsje gjin erkenning
taalkoades
ISO 639-1n.f.t.
ISO 639-2n.f.t.
ISO 639-3wev

Westerwâldsk is it Grinslânske dialekt dat yn Westerwâlde praat wurdt en dat it meast op it Dútsk liket. Der binne yn it Westerwâldsk grutte analogiên mei it Nedersaksysk yn it oangrinzgjende Dútslân, mar in protte fan dy wurden wurde hjoed de dei net mear brûkt. Yn dit Ommelân wie yn histoaryske tiden gjin Frysk praat. De ferbûnskip mei it dialekt út it Iemslân is midlikerwys feroarzake trochdat Westerwâlde lang part wêst hat fan Westfalen, dêr't it Iemslân doedestiids ek ta hearde. It eigen karakter fan it dialekt fan Westerwâlde is fierder fersterke trochdat it letter in aparte hearlikheid wêst hat. Ek spile de isolearre lizzing fan it gebiet dêrby in wichtige rol. Dy situaasje feroare doe't it Bourtangermoeras ûntgûn waard. De iennige doarpen dêr't noch Westerwâldsk sprutsen wurdt, binne Onstwedde en Sellingen. Tusken dizze doarpen bestiet ek noch in lytse fariëteit.

Skaaimerken

It Grinslânsk is in Friso-Saksyske taal. It Westerwâldsk is in Saksyske taal en hat dan ek meer oerien mei it Westfaalsk, as mei it Frysk. Wurden lykas nich foar "net" (Twintsk: nich) en schoof foar in skeau (Twintsk: schoof) ferdúdlikt de relaasje mei it Westfaalsk. In skaaimerk dat it Westerwâldsk dúdlik Grinslânsk makket, is it aksint, dat net op dat fan it Westfaalsk liket, mar op dat fan de oare Grinslânske dialekten. Troch de hjoeddeiske ynfloed fan de njonkenlizzende Grinslânske dialekten, Aldambtsk en Feankoloniaalsk, hat it Westerwâldsk yndirekt wol in lytse ynfloed fan it Frysk ûndergean.

oa of ao

Yn it Westerwâldsk wurde beide foarmen brúkt. De foarkar gong yn it ferline nei ao, mar is yn de rin fan de skiednis nei de oa gean, lykas de stavering fan de oare Grinslânske dialekten.

Tiidwurdferfoeging

It Westerwâldsk kriget, krekt as it Drintsk en it Twintsk, in -t by de meerfâldsfoarmen. Ek dit leit de klam op it Saksyske/Westfaalske karakter fan it Westerwâldsk.

omnamwurd notiid doetiid folsleine doetiid
Ik bin waar heb west
Doe bist waarst hest west
Hi is waar hef west
Wi sint waart hebt west
Ie seit waart hebt west
Zi sint waart hebt west

Ferlytswurden

Yn it Westerwâldsk wurdt in ferlytswurd foarme mei -ken, wat oars is as de Hegelânner -ke en -je, it Grinzer -ien en it Feankoloniaalske -chie. It foamjen fan ferlytswurden mei -ken komt ek foar yn it oangrinzgjende de Iemslânsk, mar dêrby hat it al in ûmlautfokaal, dy't yn it Westerwâldsk net foar komt.

Foarbyld

Zoowat daardehaalf stiege jaor leden luipt zi up Dreikeuningen noch up Westerwoolde mit de steern rund. Dei wörde veur heur oet draogen as n laange stok, daor n schienvatken an hung dat t eiwege licht verbeelden mus. De drei keuningen zölf haar laange, witte gewaoden an, n goldpampieren krone up de kop en n staf in de haand. Zi zungt n wunderliek leidken van de geboorte van os leiwe Heer. As t leidken daon waar, kreegt zi van de vrou n stôk spek of n metwôrst.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.