Westerreide of Reide wie in midsiuwsk karspel dêr't it grutste part yn de rin fan de sechtjinde iuw fan ferdronken is yn de Doalert. De doapskearn lei op de Punt fan Reide op de rjochterouwer fan de river de Reider Ie, tichteby in syl dy't dêr om 1300 hinne yn de riviermûning boud waard. It twillingdoarp Easterreide lei neffens skiedskriuwer Ubbo Emmius oan de eastkant fan de rivier. Easter- en Westerreide foarmen tagelyk ek de memmedoarpen foar de feanterijdelsetting Reiderwolde. Op de Punt fan Reide binne noch hieltyd oerbliuwsels fan it âlde doarp te finen.
De kearn fan it doarp Westerreide bestie út heech ikkerlân om de tsjerke hinne. In dokumint fan 1496 neamt de Hoghehoernewech en Meetwech.
Stins
Yn Westerreide stie eartiids in stins, dy't op guon kaarten út de ein fan de sechtjinde iuw Homborgh neamd wurdt. Yn maaie 1413 waard dy stins beset troch de stêd Grins, om nei alle gedachten de Reidersilen te beweitsjen.[1]. Justjes dêrfoar waarden de slûsdoarren yn 'e brân stutsen troch troepen fan de Eastfryske haadling Keno tom Brok. Dêrtroch soe neffens de kronyk fan tiidgenoat Johan fan Lemego de Doalert ûntstien wêze. De oerlevering wiisde letter de beskuldiging ta ealman Tidde Wyneda, dy't de stins foar Emmeko ende sin broders Zeken kinderen to Reyde behearde. Hy moast al rillegau dêrnei flechtsje. Neffens de ferhalen dy't yn de rûnte giene wegere er dêrnei de diken op te helpen.
Yn 1426 stjoerde de stêd Grins fannijs fyftich manlju foar it beweitsjen nei de stins (Borchhuys te Reyde). It bliek dat de oarspronklike bewenners dêrnei weromkamen. De haadling Lyupko Sebes (Bunninga) trede doe op as rjochter. Yn 1462 blykt dat de stins lykwols yn hannen rekke te wêzen fan de striidhaftige haadling Menno Houwerda fan Termunten, ien fan de foelste tsjinstanners fan de stêd Grins, dy't him ûnderwilens yn Appingedam fêstige hie. Neffens in lettere ferklearring fan in tsjûge hie er de oarspronklike stinsbewenner ferjage. Justjes letter naam de stêd Grins de stins yn.
Lânferlies
Westerreide krige swier e lijen ûnder de stoarmfloeden dy't hieltyd mear lân yn see ferdwine liet. Al yn 1427 waard der sprutsen oer in needdyk fan Westerreijde up in der Wolden. Yn 1454 waard der in dyk fan Reide nei Finsterwolde oanlein, dy't it lykwols mar tolve jier fol hold. It lânferlies waard grutter nei de Kosmas- en Damianusfloed (1509). Om 1525 waard in needdyk fan Fiemel nei de ferdronken útbuorren Sweach by Woldendorp oanlein, dêr't it Reiderhamrik foargoed uterdyks troch kaam te lizzen. Justjes dêrnei ferdwûn Easterreide yn de see. In folgjende needdyk fan Reide nei Dallingeweer, dy't yn 1531 foltôge waard, krige de namme Costverloren.
Om 1520 hinne wiene der noch mar 17 boeren yn Westerreide, dy't mei-inoar likernôch 300 bunder lân brûkten. By eltse stoarmfloed waard it doarpsgebiet hieltyd lytser, en de stêd Grins seach him dêrtroch twongen en en nim in part fan it lânguod yn beslach. Hja fersterken de stiennen dyk ta beskerming fan it tsjerkhôf fan Reide (Oostersche dijcken fan it Klaai-Aldamt). It tsjerkhôf sels waard gauris ophege. Neffens kronykskriuwer Abel Eppens leine dêr wol trije lagen deadskisten boppe op inoar. Yn 1561 hie it doarp noch hieltyd in doarpspastoar. Der stiene pleatsen en in rige hûzen, dy't yn 1569 troch de wettergeuzen plondere waarden. Om it doarp hinne leine noch in stikmannich ôfbrokkeljende eilannen. Ien dêrfan hiet de Lidden (Lijdden), in kwelder súdeastlik fan it doarp oan de râne fan it Jansumergat. De oare wie de Esch achter Reyde, nei alle gedachten it ikkerlân op de ouwerwâl op 'e hichte fan Easterreide. Yn 1567 krigen de ynwenners fannijs te hearren dat se noch warberder wêze moatte en reparearje de gatten dy't it wetter yn de Lidden en de Esch slein hie.Laurentius Michaelis tekene yn 1579 twa lytse eilannen op de kaart dy't er Bousick en Leech Bousick neamde. Jacob van der Mersch tekene op syn Doalertkaart fan 1574 in trijetal eilantses, dêr't der ien Gare en in oare Blencke fan hiet. Dat lêste eilân wie nei alle gedachten Ludeblencke, in oerbliuwsel fan De Lidden dy't de stêd yn 1604 mei it each op takomstige ynpolderings oankocht. Dy Lude Blincken waard yn 1761 noch neamd.
De Reyderhorne wie lykwols in wichtich strategysk punt. Yn 1574 waard de doarpstsjerke troch de Spanjerts ta in fêsting tsjin de wettergeuzen ynrjochte. It folgjende jier waard dat wer ôfsein, om't dat it dykûnderhâld yn paad stie. Fan 1580 ôf waard it doarp in kriichsgebiet. Om de tsjerke hinne bouden de Spanjerts in skâns. Yn 1589 wie it tenei dien mei it doarp. Greve Willem Loadewyk fan Nassau naam it doarp yn en liet in twadde skâns mei fjouwer bastions op it uterste eastpunt fan de Punt fan Reide bouwe. De skâns op it plak fan it eardere doarp en de tsjerke waarden sloopt.[2] Der waard troch de Admiraliteit fan Fryslân in Frysk garnisoen pleatst. Om de Fryske ynfloed yn de Spaankse Ommelannen en benammen de stêd Grins te fergrutsjen en de garnisoen te finansieren waarden der tusken 1591 en 1597 Fryske munten slein op de Reiderskâns. Munten dy't slein binne, wiene liuwedaalders, earnsryksdaalders en Hongaarske dukaten.[3]. Nei de Reduksje fan Grins op 22 july 1594 naam it strategysk belang fan de Reiderskâns ôf. Nei in swiere stoarmfloed yn 'e hjerstmis fan 1597 rekke de skâns foar it grutste part swier skeind. Dat betsjutte ek de ein fan de muntslâch dêre.[4]
Noch oant om 1830 hinne waard it plak fan it âlde doarp en de twadde skâns bewenne. Yn it begjin fan de achttjinde, en allyk yn it begjin fan de njoggentjinde iuw stie op it plak fan Westerreide in hûs en op it plak fan de skâns twa hûzen. Dat buertsje stie bekend as de útbuorren Reide.
Yn de Twadde Wrâldkriich pleatsten de Dútsers sykljochten op it plak fan de eardere twadde skâns as part fan Batterie Fiemel yn it ramt foar it beweitsjen fan it loftrom om Emden hinne. Koart nei de kriich waard de barak by in stoarmfloed de see yn slein.[5]
Jarfke
Easter- en Westerreide waarden ek neamd yn de Prophecye fan Jarfke út 1597. Yn dat fiktyf ferhaal reizget de haadpersoan mei syn skip fan Termunten nei Easterreide, want hy "hie dêr in soad freonen wenjen". Dêrwei reizget er werom nei Termunten en dêrnei nei Muntendam en fan dêrwei wer nei Westerreide:
- Daer stont een Clooster by daer waren 180 susters in. Doe was 't noch al land tusschen Reyde en Westerwolde en de Eems was niet wijder tusschen Palmaer als een man met een slinger konde oversmijten.
Oersetting:
- Dêr stie in kleaster en dêr wiene 180 susters. Doe wie it allegear noch lân tusken Reide en Westerwâlde en de Iems (lês Reider Ie) wie net fierder tusken Palmar (en de oare kant) as in man mei in slinger oerhinne smite koe.
Doe't er op de needdyk Kaenghe by Fiemel stie, fertelde Jarfke oer de bylden dy't er yn de tsjustere djipte fan it farwetter sjoen hie: oant syn nekke ta hie er troch it wetter gean moatten. Syn taharkers ferklearren dat er healwiis wie.
- Doen heeft Jarfke geseyt: "dat sal noch komen, al dat nu Lant is, dat sal Water worden. [...] Als de Pape over komt van Zee, soo sult ghy wat wonders weten te seggen, dan sullen de dijcken verdistrueert worden. 't Water sal groote schaade doen, de lieden arm maken, en van jaer tot jaer quader worden, tot dat het al vernielt is.
Oersetting:
- Doe sei Jarfke: "itjinge no lân is, sil wetter wurde. [....] As de pastoar fan see komt, dan sille jimme witte wat de wûnders sizze sille, dan sille de diken trochbrutsen wurde. It wetter sil grutte skea dwaan, de lju sille earm wurde, en it sil eltse jier slimmer wurde, oant dat it allegjear fernield is."
Syn beskriuwing jout it byld fan de besetting fan frjemde troepen nei 1580 en it trochbrekken fan de diken. It lân sil lang om let omreden twadracht in delslach krije en sil it doarp Jansum ferdrinke (daer sullen sij Janseme blincke verliesen)
Keppeling om utens
Literatuer
- Egge Knol, Nooit verdwenen Dollardland, yn: Karel Essink (red.), Stormvloed 1509. Geschiedenis van de Dollard, Grins: Stichting Verdronken Geschiedenis 2013, siden 117-126.
- A.J. Smith, Verlies en aanwinst van land in de provincie Groningen gedurende de negentiende eeuw, yn: Bijdragen tot de Kennis van de Provincie Groningen en Omgelegen Streken 1, 3e en 4e stik (1901), siden 225-244.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|