Westerein Harich is in buorskip yn de gemeente De Fryske Marren.
Westerein Harich leit súdwestlik fan Balk en Harich dêr't it offisjeel ek ûnder falt, sadwaande de namme, om't er it westlike ein fan it doarpsgebiet fan Harich is. Yn it gebiet ûntjoech him letter in buorskip. De oantsjutting "Harich" ferwiist nei it ûnderskied fan oare plakken mei de namme "Westerein" yn de omkriten.
De bewenning fan de buorskip leit benammen oan de Westerein, mar ek oan de Lykwei, Sudergoawei (N359) en Wyldemerkwei binne der wenten te finen. De bewenning oan de Wyldemerkwei leit tichteby it natuergebiet Wyldemerk. Oan dy dyk sit de maneezje fan de Hippyske Sportferiening Gaasterlân, dy't yn 1937 oprjochte waard as de Lanlike rydferiening Gaasterlân.
Oan de súdigge fan it gebiet rint de Van Swinderenfeart en oan de noardigge rint De Ryn. Fan oarsprong wie it gebiet ferparte yn de Westereinerpolder en de Nijeweispolder. De bewenning fan de buorskip bestiet benammen út pleatsen. Yn it westen is in kamping oan de Westerein en jutsjes fierder ek in biste-asyl.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|