Welmoed Fearsma op It Literatuerfabryk, 2003.

Welmoed Fearsma (1962) is in earder Frysk sjongster.

Welmoed wie in sjongster yn ferskate bands. Yn dy tiid waard har namme stavere as Veersma. Fan 1996 oant 1999 song se yn de gothic-rock-metalband Autumn. Yn 2002 begûn se as solo-sjongster en yn 2003 hat hja de stavering fan har namme nei de Fryske stavering feroarje litten: Welmoed Fearsma.

Har programma bestiet út rêstige harklietsjes en blues. Dêrneist sjongt se ek heftige lietsjes en rapt ze. Yn 2003 helle Fearsma op it Lytske Aaipopfestival it dielde twadde plak, tegearre mei de groep Pierewaayer.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.