Weird western (Ingelsk foar "nuvere western"; útspr.: [wiːɹd ˈwɛstɹn], likernôch: "ûiird ûest-urn"), of weird west, is in term wêrmei't in hybridisearre foarm oantsjut wurdt fan it westernsjenre en spekulative fiksje (fantasy, horror en science fiction). De haadfoarmen fan weird western binne sadwaande westernfantasy, westernhorror en western-science fiction, mar it komt ek foar dat der eleminten út twa of mear soarten spekulative fiksje mei in western fermongen wurde.

De term 'weird western' ûntstie yn 1972 mei de striprige Weird Western Tales fan DC Comics, mar it ferskynsel op himsels is folle âlder. It is oannimlik, hoewol net wis, dat it ûntstie yn 1932, mei it koarte ferhaal The Horror from the Mound, dat yn it maaienûmer fan dat jier fan it pulpblêd Weird Tales ferskynde. Dêryn joech skriuwer Robert E. Howard ien fan syn horrorferhalen in westerneftergrûn. Behalven pulpblêden foarmen ek B-westerns en stripboeken al ier in wichtige distribúsjemetoade foar weird westerns.

Ien fan 'e ierste romans dy't fantasy-eleminten yn in westernsetting yntrodusearre, wie The Circus of Dr. Lao, út 1935, fan Charles G. Finney, dy't dêrmei in National Book Award wûn yn 'e kategory orizjineelste boek. Yn 'e roman bringt in magysk sirkus mei legindaryske wêzens út 'e mytology in besyk oan in fiktyf cowboystedsje yn Arizona. In oar foarbyld fan weird western is it wurk fan Joe R. Lansdale, dy't in protte horrorwesterns skreaun hat oer syn held, predikant Jebediah Mercer. Sa steane der yn Dead in the West (1983) sombys op nei't in lynchte Yndiaanske sjamaan in flok útsprutsen hat oer de blanke ynwenners fan it plak Mud Creek, yn Teksas.

Bekende moderne weird western-films binne bgl. de steampunkfilm Wild Wild West (1999), it mei fantasy-eleminten ôfmakke Jonah Hex (2010), en Cowboys & Aliens (2011), dat mei bûtenierdske wêzens foar in part ta science fiction rekkene wurde moat.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.