Weißenthurm | |
---|---|
![]() | |
Flagge | Wapen |
![]() |
![]() |
Polityk | |
Lân | ![]() |
Dielsteat | ![]() |
Landkreis | Mayen-Koblenz |
Sifers | |
Ynwennertal | 9.157 (31-12-2019) |
Oerflak | 3,99 km² |
Befolkingstichtens | 2.295/ km² |
Hichte | 65 m. boppe seenivo |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | www.weissenthurm.de |
Weißenthurm is in stêd yn it Landkreis Mayen-Koblenz yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De stêd heart by de Verbandsgemeinde mei deselde namme en is dêrfan it bestjoerssintrum.
Skiednis
De stêd waard ferneamd nei de Wite Toer (Weißer Turm), in wen- en toltoer út de lette midsiuwen. De toer waard oan it begjin fan de 15e iuw boud yn opdracht fan de aartsbiskop en karfoarst fan Trier Werner fan Falkenstein (1388–1418) oan de doedestiidske grins tusken de karfoarstendommen Trier en Keulen oan de hannelswei fan Koblenz nei Keulen.
Yn de 17e iuw ûntstie der in delsetting by dy grinsoergong. It plak krige yn 1663 fan karfoarst Karl Kaspar fan der Leyen it merkrjocht.
It besjen wurdich
- Yn de Wite Toer is hjoed-de-dei in streekmuseum ûnderbrocht.
- De monumintale katolike tsjerke waard boud yn de jierren 1836–1839 û.l.f. arsjitekt Johann Claudius von Lassaulx.
- It monumint General Hoche is ta oantinken fan it oerstekken fan de Ryn troch it Frânske leger ûnder generaal Lazare Hoche op 18 april 1797 boud.
Keppeling om utens
![]() Wikimedia Commons | Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Weißenturm fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: |