Wehe-den Hoorn | ||
Borgweer | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | It Hegelân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 746 (31-12-2021) [1] | |
Oerflak | 4,73 km², wêrfan: lân: 4,63 km² wetter: 0,10 km² | |
Befolkingsticht. | 161 ynw. / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 21' N 6° 25' E | |
Offisjele webside | ||
Side Wehe-den Hoorn |
Wehe-den Hoorn (Grinslânsk: 't Hörn-Wij of Wij) is in doarp yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne) yn Grinslân (Nederlân).
It doarp bestiet út twa dielen, Wehe, om de wierde hinne, en Den Hoorn by it kanaal de Hoarnsefeart.
Tsjerklik libben
Wehe is fanâlds lykas as it grutste part fan it Hegelân meast protestantsk en dêr stiet ek de herfoarme tsjerke, dy't sûnt 1985 in kultureel sintrum is.
Den Hoorn is in katolike enklave en de âldste parochy fan dy kriten. Sy waard as skûltsjerke stichte troch de jonker fan de Lulemaboarch yn Warfhuizen, dy't wegere de reformaasje te folgjen. De Sint-Bonifatiustsjerke, de opfolger fan in ienfâldige tsjerke yn neoklassisistyske styl, datearret út 1926 en waard ûntwurpen troch Joseph Cuypers en syn soan Pierre Cuypers jr. yn ekspresjonistyske styl, dy't ynfloed sjen lit fan it wurk fan de arsjitekt Dom Bellot. Oars as de Willibrordusparochy fan Kloosterburen is de Hoarnster parochy in diasporaparochy: hast alle doarpen fan de Marne falle ûnder har jurisdiksje.
Wehe-den Hoorn is ek it startplak fan de prosesjes nei de klús fan Us Leaffrou fan de Besletten Tún fan it beafeartplak Warfhuizen.
Starkenborgh
Justjes benoarden it doarp stie ea de boarch Borgweer of de Starkenborgh, it stee fan de aadlike famylje Tjarda van Starkenborgh Stachouwer. De eardere herfoarme tsjerke fan Wehe hat oantinkens oan dat laach, lykas wapenskylden en in grêfkelder. It Van Starkenborghkanaal is nei in lid fan dizze famylje neamd.
Sport en rekreaasje
De Europeeske kuierrûte E9, pleatslik North Sea Trail of Waad- en Wierdenpaad hjitten, rint troch it plak. De E9 rint - de kust by del - fan Portugal nei de Baltyske steaten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|