Weesp | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Nederlân |
Provinsje | Noard-Hollân |
Gemeente | Weesp |
Sifers | |
Ynwennertal | 20.546 (1 july 2021) |
Oerflak | 24,16 km² |
Befolkingstichtens | 902 /km² |
Hichte | 1 m |
Oar | |
Stifting | 1355 |
Koördinaten | 52° 31′ 0″ NB, 5° 3′ 0″ EL |
Webside | http://www.weesp.nl/ |
Weesp is in stêd en eardere gemeente yn de provinsje Noard-Hollân en is sûnt 24 maart 2022 part fan de gemeente Amsterdam. De gemeente Weesp hie op 1 july 2021 20.546 ynwenners en in oerflakte fan 21,88 km² (wêrfan 1,21 km² wetter). Oare kearnen binne De Horn en Uitermeer. Weesp is benammen in forinzestêd fan it tichteby lizzende Amsterdam.
Nei in referindum oer de bestjoerlike takomst yn maart 2018 waard besletten dat de gemeente op 24 maart 2022 fusearje soe met de gemeente Amsterdam. Yn de gemeente Amsterdam hat Weesp de status fan bestjoerskommisjegebiet mei in status aparte.
Skiednis
Earste bewenning
De omjouwing moat al lange tiid bewenne west hawwe. Der binne yn Weesp resten fûn fan delsettingen út de 6e iuw foar Kristus. In de Aetsveldsche polder súdlik fan Weesp waard troch de Stichting foar Boaiemkartearring út Wageningen in fynplak ûntdutsen út de Midden- en Lette Izertiid. Ut it ûndersyk kaam de konklúzje dat ± 300-200 f.Kr. de ouwers oan de Fecht yntinsyf bewenne waarden.
De earste fermeldingen fan Weesp binne fan omtrint it jier 1150 as Wispe of Wesopa.
Festing Weesp
Foar 1355 hie Weesp al in ierden en houten omwâling. Op 20 maaie 1355 ferliende Willem fan Beieren, de greve fan Hollân, stedsrjochten oan Weesp. De stêd lei nammentlik strategysk oan de grins tusken de greven fan Hollân en de biskop fan Utert. De stêd krige mei de stedsrjochten in eigen bestjoer, eigen rjochtspraak en ek waard it poarterrjocht ynfierd, dat needsaaklik wie foar de bewenners dy't in eigen berop of bedriuw útoefenje woenen. Troch it ferlienen fan de stedsrjochten en útwreidingen dêrop troch Albrecht fan Beieren en Karel V, waard Weesp in woltierige stêd. De stedsrjochten makken it ek mooglik dat de stêd him better ferdigenje koe en sûnt 1517 waarden der stiennen stedsmuorren oanlein.
Nei de Frânske belegering yn 1627 waard de ferdigening fan Weesp flink útwreide mei fjouwer bastions , wêrfan't twa op de Ossenmarkt, it troch it graven fan in grêft ûntstiene eilân yn de Vecht. De festing waard lykwols nea foltôge. De oare fjouwer bastions dy't yn it ûntwerpplan sieten waarden net boud, nei alle gedachten fanwegen tekoart oan jild. Twa singels markearje it plak dêr't dy bastions komme sild hienen. De festing mei it toerfort oan de Ossenmarkt en de tichtby lizzende forten makken diel út fan de Hollânske Wetterliny en letter ek fan de Stelling fan Amsterdam. Eastlik fan Weesp leit Fort Uitermeer, súdeastlik it Fort by Hinderdam en noardlik de festingstêd Muiden.
Lettere ûntjouwings
De yndustry wie altyd wichtich foar Weesp: jeneverstokerijen en kakauproduksje spilen iuwenlang in rol yn de lokale ekonomy. Yn 1874 waard Stasjon Weesp iepene en krige in oansluting op de Easterspoarwei (Amsterdam-Sintraal - Sutfen).
Op 13 septimber 1918 wie der in treinramp by Weesp en yn op 19 juny 1953 wie der fannijs in treinûngelok by Weesp
It besjen wurdich
Weesp hat in histoaryske binnenstêd mei:
- Goed 200 ryksmonuminten.
- Festingwurken, wêrûnder it toerfort út 1861 en wâlen.
- De goatyske Grutte of Sint Laurenstsjerke (1462) mei n Bätzoargel út 1823.
- It neoklassisistyke stedhûs fan Weesp, boud yn 1772-1776 troch Jacob Otten Husly, mei hjiryn it gemeentemuseum mei û.a. Weesper porselein.
- Yn Weesp hawwe fanâlds in soad moles stien. Dêrfan binne der noch trije oer: de Vriendschap, de Eendragt en 't Haantje.
- Fierders hat Weesp ek in teater neamd de City of Wesopa.
Fúzje gemeenten
De gemeenteried fan Weesp hat earder al ris de winsk útsprutsen en fusearje mei de gemeenten Bussum, Muiden en Naarden. Gemeente Bussum seach mear yn in fúzje mei allinnich de gemeente Naarden. Nei in fúzje fan Weesp en Muiden waard ek nei sjoen. Lang om let fusearre Weesp mei Amsterdam.
Bekende Weespers
Berne
- Willem van Beusekom (1947-2006), omropdirekteur, presintator en radio-dj
- Lars Boom (1946), senarioskruwer, auteur, akteur en presintator
- Mies Bouhuys (1927-2008), dichteres, senario-, toaniel- en berneboekeskriuwster
- Wendy van Dijk (1971), aktrise en tv-presintatrise
- Caya de Groot (1967), aktrise
- Johan Mittertreiner (1915-2009), balletdûnser
- Debby Petter (1956), kabaretière, nijslêster en tv-presintatrise, frou fan Youp van het Hek
Tein
- Sacha de Boer (Amsterdam, 1967), nijslêster
- Leontine Ruiters (Naarden, 1967), telefyzjepresintatrise, aktrise en frou fan sjonger Marco Borsato
Wenjend
- Rik van den Boog (Amsterdam, 1959), direkteur AFC Ajax
- Midas Dekkers (Haarlim, 1946), biolooch en skriuwer
- Winston Gerschtanowitz (Amsterdam, 1976), akteur en telefyzje-presintator
- Wilbert Gieske (Den Haach, 1947), akteur
Ferskaat
- Weesp ûnderhâldt in stêdebân mei Svitavy yn Tsjechje.
- In Weesper wurdt ek wol in Weesper mop neamd nei it pleatslike mangelkoekje.
Weesp is lid van de Nederlânske Feriening fan Festingstêden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|