De Weeshuismole wie in muonts yn de polder Sperkhim.[1] Dy stie tichtby de pleats it Sperkhim. Dy namme waard ek wol brûkt foar de mole. Sjoen de eigentlike namme, sil it grif in mole fan it Old Burger Weeshuis west hawwe.

De mole pompe it wetter út gâns it Sperkhim, tusken de Houkesleat en de Wâldfeart, en wettere ôf op de Molesleat, dy't op de Wâldfeart útkaam. [2] Yn de 20e iuw is de mole lykwols ferfongen troch in stoomgemaal.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.