Weerdinge
Mûne De Hondsrug
Mûne De Hondsrug
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Drinte
gemeente Emmen
plak Emmen
Sifers
Ynwennertal595 (2017)[1]
Oerflak127 ha
Oar
Postkoade7814
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten52° 49' 5" NB, 6° 55' 1" EL
Offisjele webside
www.weerdinge.info
Kaart
Weerdinge (Drinte)
Weerdinge
Lizzing yn Drinte
Kaart
Mûne De Hondsrug
Lizzing yn Emmen

Weerdinge (Nedersaksysk: Wering) is in buorskip en earder doarp by de Drintske stêd Emmen. De buorskip wie eartiids in selsstannich doarp, mar is hjoed-de-dei winliken in buorskip ûnder Emmen en wurdt formeel as in wyk fan dat plak sjoen. It doarp hat 595 ynwenners (2017).

Geografy

Weerdinge is in iesdoarp noardeastlik fan Emmen en bestiet út in trochgeande dyk, Dorpsstraat mei guon sydstrjitten. Der steane in tal Saksyske pleatsen en bultmûne De Hondsrug út 1910. Om Weerdinge hinne lizze iezen de bosken Emmerdennen en Valtherbosk dy't it doarp fan Emmen skiede. It doarp leit op de ferhege sângrûn fan de Hûnsrich wylst justjes eastlik oanmakke feanlân leit dy't wol 12,5 meter leger leit.

Namme

De namme bestiet út it taheaksel ôflaat fan -ingi kombinearre mei mooglik de persoansnamme Wardo en betsjut sokssawat as "by de lju fan Wardo". De namme komt fan in kopy fan 1327 as Weerdighen en Werdighen, yn 1362 as Waerdingh, yn 1471 as Werdinghen en Werdingen, yn 1473 as Wardinge en yn 1519 as Weerdinge.

Skiednis

It eardere stasjon fan Weerdinge

Weerdinge ûntstie as in lânboudelsetting. Der waard in ikker op de ies oanlein, Kamperesch. Súdeastlik dêrfan waarden begroeings ferwidere en waarden hea en greidlân oanlein. Der waarden yn dy snuorje benammen fan de skieppehâlderij libbe. Oan 'e ein fan de midsiuwen hie Weerdinge tsien pleatsen. In tsjerke hie Weerdinge lykwols nea. Dêrfoar moasten de ynwenners nei Emmen ta.

Om 1850 hinne krige it doarp in skoalle.

Yn 1904 waarden der twa feanliken fûn by Weerdinge: it Pear fan Weerdinge.

Yn 1905 waard in stasjon yn it doarp boud oan it spoar fan Swol nei Stedskanaal, dy't yn de 1940-er jierren wer sletten waard.

Yn 1978 waard it postkoadesysteem ynfierd en doe joech de gemeente Emmen Weerdinge gjin eigen postkoade krige dus gjin eigen plaknamme yn it postkoadeboek en sadwaande leit Weerdinge "yn Emmen".

It besjen wurdich

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Weerdinge fan Wikimedia Commons.
Wiken en buerten yn Emmen
Wiken:
AngelsloBargeresBargermeerDelftlandenEmmerhoutEmmermeerEmmerschansParc SandurRietlandenSintrum
Buorskippen:
Barger-OosterveldNoordbargeWeerdingeWesteneschZuidbarge
wizigje
Emmen
Stêd:
Emmen
Doarpen:
Barger-Compascuum • Emmer-Compascuum • Erica • Klazienaveen • Nieuw-Dordrecht • Nieuw-Schoonebeek • Nieuw-Weerdinge • Nij-Amsterdam • Roswinkel • Schoonebeek • Veenoord • Weiteveen • Zwartemeer
Buorskippen:
Amsterdamscheveld • Barger-Erfscheidenveen • Barger-Oosterveld • Barger-Oosterveen • Emmer-Erfscheidenveen • Ermerveen • Foxel • Klazienaveen-Noard • Koelveen • Middendorp (Schoonebeek) • Munsterscheveld • Noordbarge • Oosterse Bos • Oranjedorp • WeerdingeWestenesch • Westersebos • Wilhelmsoord • Zandpol • Zuidbarge
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.