Weel en Braken | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Koggelân | |
plak | Obdam | |
adres | Braken 11 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Wipmûne | |
boujier | 1632 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 31212 [1] | |
offisjele webside | ||
De mûne op de side fan it Westfrysk Genoatskip |
Weel en Braken is de namme fan in wip- en poldermûne yn it Noard-Hollânske Obdam. De mûne bemealle foarhinne de polder mei deselde namme.
De mûne waard om en de by yn 1632 boud en tegearre mei in oare wipmûne makke Weel en Braken de goed 76 hektare grutte polder yn de 17e iuw droech. De noch besteande wipmûne wie de ûndermûne; yn de 18e iuw waard de boppemûne ferwidere en krige de tsjintwurdige mûne in fizel om djipper te meallen.
Oant 1966 hold Weel en Braken de polder droech. Dêrnei waard it wurk oernommen troch in pear elektrysk oandreaune pompkes. in pear jier letter nei de ruilferkaveling mei peilferleging yn 1970 rekke de mûne de bemeallingsfunksje hielendal kwyt. Yn 1972 waard de mûne oan de gemeente Obdam ferkocht en sûnt de restauraasje fan 1972-1973 draaide de mûne wer regelmjittich.
De mûne moast yn 2008 fanwegen de minne steat fan it wjukkekrús stilset wurde. Yn 2012 binne nije roede stutsen. De mûne hat in flecht fan 19,50 meter.
Eigner is tsjintwurdich de Stifting De Westfryske Mûnen (Stichting De Westfriese Molens).
Keppeling om utens
- (ned) Mûnedatabase
- (ned) De Hollânske Mûne
- (ned) Allemolens.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|