Wedderheide
Wolkomboerd yn it Grinslânsk
Wolkomboerd yn it Grinslânsk
Polityk
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerwâlde
Oar
Koördinaten53° 4' NB, 7° 5' EL

Wedderheide is in buorskip dat ûnder it doarp Wedde falt, yn de gemeente Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. De buorskip leit eastlik fan Wedde, dêr't it skaat wurdt fan de beboude kom fan Wedde troch de N973. De buorskip leit westlik fan Vriescheloo.

De buorskip hat de skaaimerken fan in lintdoarp, dat fanâlds út arbeiders- en boargerwenten bestiet.

De namme is ôflaat fan heide, dat "net oanmakke stik lân" betsjut, by Wedde. Eartiids wie it in heidegebiet mei ynearsten seaddehutten, dy't letter arbeiderswenten waarden en dy't yn earme grûn stiene, dy't allinnich gaadlik wie foar in grientetún en in geitepôle. It plak moat healwei de njoggentjinde iuw ûntstien wêze, want mei de folkstelling fan 1840 waard it plak noch net neamd. Mei de folkstelling fan 1849 wurdt it plak neamd mei 13 huzen en 61 ynwenners. Yn 1899 wiene der 55 huzen mei 245 ynwenners. Hjoed-de-dei binne der 100 huzen mei 250 ynwenners.

Wedderheide leit op in sânrêch. Dy sânrêch wie ea de natuerlike grins mei de Doalert doe't dy syn wiidste omfieming hie. It is sa'n bytsje de grins tusken de regio's Reiderlân yn it noarden en Westerwâlde yn it suden.

Yn de buorskip stiet in Herfoarme kapel út 1911.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Westerwâlde
Doarpen:
AgodorpBarnflairBellingwoldeBlijhamBourtangeJipsingboertangeLyts-Ulsda • Morige • Aldeskâns • Over de Dijk • Rhederbrug • SellingenTer ApelTer ApelkanaalVeelerveenVlagtweddeVrieschelooWedderheideWedde • Wedderveer • Zandberg
Buorskippen:
Abeltjeshuis • Bakovensmee • Borgertange • Borgerveld • Burgemeester Beinsdorp • De Bruil • De BultDen Ham • Ellersinghuizen • Hanetange • Harpel • HasseberchHebrecht • 't Heem • Hoorn • Hoornderveen • JipsingboermusselJipsinghuizen • Koudehoek • Lammerweg • Laude • Lauderbeetse • Laudermarke • Lauderzwarteveen • Leemdobben • De Lethe • Lutjeloo • De MatenMunnekemoer • Overdiep • Pallert • Plaggenborg • Poldert • Renneborg • Rhederveld • Rijsdam •Roelage • 't Schot • Sellingerbeetse • Sellingerzwarteveen • Slegge • Stakenborg • Stobben • Ter Borg • Ter Haar • Ter Walslage • Ter Wisch • Tjabbesstreek • Veele • Veerste Veldhuis • Vlagtwedder-Barlage • Vlagtwedder-Veldhuis • Weende • Weenderveld • Weite • Wessingtange • Westeind • Wollingboermarke • Wollinghuizen • Wynskoaterhegebrêge • Zuidveld • SânwykZethuis • Zuiderburen
Wetter:
B.L. TijdenskanaalMussel-AaMussel-Aa-kanaalRuiten AaRuiten-Aa-kanaalTer ApelkanaalWesterwâldske Aa
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.