Wedde
FlaggeWapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerwâlde
Sifers
Ynwennertal1.300 (1 jannewaris 2019)
Oar
Stifting1628
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53°4′ NB 7°5′ EL
Wedde op in topografyske kaart út 1933

Wedde is in doarp en eardere gemeente yn de gemeente Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. It doarp leit oan de Westerwâldske Aa en leit 9 kilometer besúdeasten Wynskoat. It wie fan 1811 oant 1968 in selsstannige gemeente doe't it mei Bellingwolde gearfoege waard ta de gemeente Bellingwedde, dêr't it it haadplak fan wie. Yn 2018 waard Bellingwedde mei de gemeente Vlagtwedde gearfoege ta de nije gemeente Westerwâlde.

It gemeentehûs fan Bellingwedde wie yn it eardere kantoar fan it eardere wetterskip Dollardzijlvest.

Eardere gemeente

Wedde wie oant 1968 in selsstannige gemeente. Ta dy gemeente hearden njonken it haadplak de folgjende doarpen, buorskippen en útbuorrens: Blijham, Hoornderveen, Hoorn, Lutjeloo, Morige, Tjabbestreek, Wedderheide, Weddermarke en Wedderveer. It gemeentehûs stie yn Blijham.

It besjen wurdich

Ferfier

De N368 rint by it doarp del.

Galery

Berne yn Wedde

  • Willem Jacob Cranssen (1762-1821), gûverneur fan Ternate en Amboina
  • Anno Houwing (1905-1983), fersetstrider en plysjekommissaris
  • Johannes Sixtus Gerhardus Koning (1809-1888), boargemaster
  • Harry Waalkens (1922-1985), politikus

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Westerwâlde
Doarpen:
AgodorpBarnflairBellingwoldeBlijhamBourtangeJipsingboertangeLyts-Ulsda • Morige • Aldeskâns • Over de Dijk • Rhederbrug • SellingenTer ApelTer ApelkanaalVeelerveenVlagtweddeVrieschelooWedderheideWedde • Wedderveer • Zandberg
Buorskippen:
Abeltjeshuis • Bakovensmee • Borgertange • Borgerveld • Burgemeester Beinsdorp • De Bruil • De BultDen Ham • Ellersinghuizen • Hanetange • Harpel • HasseberchHebrecht • 't Heem • Hoorn • Hoornderveen • JipsingboermusselJipsinghuizen • Koudehoek • Lammerweg • Laude • Lauderbeetse • Laudermarke • Lauderzwarteveen • Leemdobben • De Lethe • Lutjeloo • De MatenMunnekemoer • Overdiep • Pallert • Plaggenborg • Poldert • Renneborg • Rhederveld • Rijsdam •Roelage • 't Schot • Sellingerbeetse • Sellingerzwarteveen • Slegge • Stakenborg • Stobben • Ter Borg • Ter Haar • Ter Walslage • Ter Wisch • Tjabbesstreek • Veele • Veerste Veldhuis • Vlagtwedder-Barlage • Vlagtwedder-Veldhuis • Weende • Weenderveld • Weite • Wessingtange • Westeind • Wollingboermarke • Wollinghuizen • Wynskoaterhegebrêge • Zuidveld • SânwykZethuis • Zuiderburen
Wetter:
B.L. TijdenskanaalMussel-AaMussel-Aa-kanaalRuiten AaRuiten-Aa-kanaalTer ApelkanaalWesterwâldske Aa
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.