Waterloo (liet fan ABBA) | ||
Ring ring by ABBA US single vinyl | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Watch Out | |
artyst | ABBA | |
album | Waterloo | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Pop | |
útbrocht | 4 maart 1974 | |
opnommen | Metronome Studios, 17 desimber 1973 | |
doer | 2:42 | |
label | Polar Music | |
skriuwer | Benny Andersson, Stig Anderson, Björn Ulvaeus | |
produsint | Benny Andersson, Björn Ulvaeus | |
fideoclip | ||
ABBA - Waterloo (Official Music Video), ABBA Waterloo Eurofyzje Sjongfestival 1974 | ||
resultaten | ||
hitlisten | Kent Music Report - 4, Ö3 Austria Top 40 - 2, Ultratop 50 Flanders - 1, Ultratop 50 Wallonia - 1, RPM - 7, IFPI - 1, Mitä Suomi soittaa - 1, IFOP - 4, IRMA - 1 Musica e dischi - 15, Dutch Top 40 - 2, Single Top 100 - 1, Listener - 3, VG-lista - 1, PROMUSICAE - 3, Kvällstoppen 2 (swd) , Kvällstoppen 3 (in) , Schweizer Hitparade - 1, UK Singles - 1, Billboard Hot 100 - 6, Cashbox Top 100 - 10, Official German Charts - 1, ZIMA - 2, | |
prizen | Eurofyzje Sjongfestival (1974) | |
sertifisearre | Grut-Brittanje Goud, Joegoslaavje Goud | |
tal covers | 36 |
Waterloo is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 17 desimber 1973 yn de Metronome Studios yn Stockholm en útbrocht op it album mei deselde namme út 1974. De Sweedske ferzje fan Waterloo wie it earste nûmer en de Ingelske ferzje fan Waterloo wie it tsiende nûmer op it album, en waard op 4 maart 1974 útbrocht as earste single fan it album. Op 6 april 1974 wûn ABBA mei de Ingelske ferzje it Eurofyzje Sjongfestival.
Oer it nûmer
Nei ’t de groep yn de Sweedske nasjonale foarronde fan it sjongfestival yn 1973 tredde wurden wie mei it nûmer Ring Ring, besochten se it yn 1974 op ’e nij. Der waard diskear foar Waterloo keazen, dêr't beide sjongeressen likefolle tekst yn hiene. It nûmer giet oer in frou, dy't har oerjaan wol oan de leafde, sa't Napoleon him oerjoech by de Slach by Waterloo yn 1815. De single waard yn desimber 1973 sawol yn it Sweedsk as yn it Ingelsk yn de Metronome Studios yn Stockholm opnommen en op 12 maart 1974 offisjeel foarsteld. De Sweedske ferzje helle it twadde plak yn de Sweedske hitlisten.
Sjongfestival
Op 6 april 1974 wûn ABBA mei de Ingelske ferzje it Eurofyzje Sjongfestival. Harren optreden soarge foar in folsleine stylbrek mei de dramatyske ballades-tradysje wêrmei't it songfestivalpublyk doe fertroud wie. Har opfallende glitterkostúms, sulveren platosoalen, it uptemporitme en de ienfâldige (mar noch net earder fertoande) dûnsstapkes. Dat ABBA, sûnt in resinte reglemintswiziging, har ferske net allinne yn harren lânstaal mar ek yn it Ingelsk bringe mocht, wie in bykommende troef.
Mei wrâldwiid 8,5 miljoen ferkochte eksimplaren skoarde ABBA dêrnei mei Waterloo in grutte en brutsen se ynternasjonaal definityf troch it nûmer waard in nûmer 1 - hit yn in soad lannen.
Muzikanten
- Agnetha Fältskog – Sang
- Anni-Frid Lyngstad – Sang
- Björn Ulvaeus – Sang & Gitaar
- Benny Andersson – Sang & Toetsen