Warten
Doarpsicht fanôf de Oeble Omwei
Doarpsicht fanôf de Oeble Omwei
Emblemen
               
Polityk
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Ljouwert
Sifers
Ynwennertal905 (2022) [1]
Oerflak22,20 km²
lân: 16,70 km²
wetter 5,51 km²
Befolkingsticht.54 ynw./km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 08'N 5° 53'E
Offisjele webside
Side Warten
Kaart
Warten (Fryslân)
Warten

Warten Nederlânsk: Wartena) is in Frysk doarp yn 'e gemeente Ljouwert. It leit direkt noardlik fan it Nasjonaal Park De Alde Feanen, oan it Prinses Margrietkanaal. It is troch in pontfear it ferbûn mei Earnewâld. Sûnt 1989 is de offisjele plaknamme it Frysktalige 'Warten'. It doarp hearde foar de gemeentlike weryndieling fan 2014 ta Boarnsterhim, en foar de weryndieling fan 1984 makke it ûnderdiel út fan Idaerderadiel.

Skiednis

Warten ûntstie oan it Alddjip. Om 900 moat de terp al bewenne west ha. It lei frijwat isolearre omt der allinnich oer wetter goed te kommen wie. Op âlde kaarten wurdt it oantsjutten as Warthna en Wartengahe. Dat soe in soarte fan gearlûking wêze kinne fan Warten, Wergea en Warstiens. Yn 1865 en 1866 waarden der wegen oanlein nei Garyp en Wergea.

Yn Warten siet sûnt 1907 in skipswerf dêr't skûtsjes, sleepboaten en coasters boud waarden. Ek MS Sier waard hjir boud. Yn 2003 gie de werf fallyt.

Mids septimber 2018 waard yn 'e tsjerke fan Warten In Ikoan mei in Knypeach holden, in betinking fan akteur Rense Westra, dy't lang yn Warten wenne en tsjerke.

Gebouwen

De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Warten).
  • De herfoarme tsjerke út 1780 hat brânskildere ramen.
  • Yn de buorren stiet de Ald Fryske Greidbuorkerij" út 1700 dy't yn 1955 opknapt is. Yn dit langhûs sit no in museum. In oar museum is "It Earmhûs".
  • Súdeast fan it doarp stiet mole De Ikkers, in oarspronklik út de 18e iuw datearjende spinnekopmole.
Warten mei museumgebouwen op de eftergrûn

Mienskip

Der is in feriening foar Doarpsbelangen. It doarpsblêd hjit Kommune. en It Ljochtbeaken binne de basisskoallen fan it doarp. De Roekeflecht is de soas far jongerein. Oan de Rochsleat efkes bûten Warten leit in jachthaven.

Alde pastorij oan de Haadstrjtte

Tsjerken

  • PKN-gemeeente Warten-Wergea-Warstiens
  • Herfoarme gemeente Wartengahe

Skoallen

De kristlike basisskoalle It Ljochtbeaken moast yn 2011 nei 115 jier de doarren slute nei't it tal learlingen ûnder de 23 sakke. Sûnt hat it doarp noch ien basisskoalle: de iepenbiere basisskoalle De Finne.[2]

Ferienings

  • Toanielselskip Warten
  • 'k Haw 'm rekke - badminton
  • Kuorbalferiening Mid-Fryslân / ReduRisk Akkrum-Grou-Reduzum-Warten
  • Gymnastykferiening Sparta
  • Tennisferiening Warten
  • Iisklub De Harmony
  • Fûgelwacht Idaerderadiel Noard (Warten-Wergea-Warstiens; webstee)
  • Froulhuskoar Eigenwiis
Haven mei gebou oan it Hellingpaed

Eveneminten

  • Wartenster Wetter Wille is in evenemint dat ienris yn de twa jier fierd wurdt.(webstee)

Een vloot van historische schepen als skûtsjes, notarisbootjes, opdrukkertjes, sleepboten.

Befolkingsferrin

Jier19541959196419691973199920042007201020212022
Ynwenners8348098117778049881022996963925905

Bekende (âld) ynwenners

Berne yn Warten

Strjitten

Alle strjitten yn Warten.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Ljouwert
Stêd:
Ljouwert
Doarpen en útbuorrens:
Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum
Buorskippen:
AbbenwierAldskou (foar in part)AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part)Buerstermûne (foar in part)DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part)SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.