Dizze side giet oer warlock yn 'e oarspronklike betsjutting fan in tsjoender. Foar oare betsjuttings, sjoch: Warlock (betsjuttingsside).

In warlock (útspr.: ['wɔ:ɹlɔk], likernôch: "ûôr-lòk") is in Ingelsktalige oantsjutting foar in persoan (ornaris in man) dy't gebrûk makket fan tsjoenderij. Dêrby giet it yn 'e regel om lju dy't tsjoenderij tsjin oare minsken brûke, of dy't gebrûk meitsje fan swarte magy. Koartsein kin men in warlock yn it Frysk omskriuwe as in boaze tsjoender.

Neffens de meast algemien akseptearre etymology komt warlock fan it Angelsaksyske wurd wǣrloga, dat "eedbrekker" of "bedrager" betsjut. Yn it iere Nijskotsk ferskode de betsjutting nei it manlike ekwifalint fan in hekse. Yn dy betsjutting waard warlock opnommen yn literatuer fan 'e Romantyk, en sa kaam it uteinlik yn 'e tweintichste iuw yn 'e moderne popkultuer en de literatuer fan it fantasysjenre telâne. It soe ek kinne dat it Skotsk it wurd út it Aldnoarsk liend hat, fan varð-lokkur, dat "opropper fan geasten" betsjut. Dat is lykwols ûnwierskynlik fanwegen de ekstreme seldsumens fan it wurd varð-lokkur yn it Aldnoarsk.

Hoewol't de measte slachtoffers fan 'e hekseferfolging yn it ier moderne Skotlân froulju wiene, waarden der ek in stikmannich manlju op 'e brânsteapel terjochtsteld as warlocks. De wis- en natuerkundige en astronoom John Napier waard yn syn eigen tiid gauris as warlock beskôge fanwegen syn belangstelling foar divinaasje en it okkulte, mar syn posysje as lid fan 'e hegerein soarge derfoar dat hy nea ferfolge waard.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.