In warf is in 'opsmiten' hichte, dêr't yn de Midsiuwen rjochtsprutsen waard; "hichte dêr't it ding hâlden wurdt". Al nei it gebiet wêrfoar it belutsen gerjocht kompetint wie, ûnderskiede it Aldfryske rjocht de landis Werf of hagere Werf foar it lân en de smela Warf (lytse rjochtbank) foar in ûnderdiel fan it lân.

As heechste rjochterlike kolleezje fan de Ommelannen ûntwikkele him yn de lette 14e iuw in Miene Lâns-Werf, wêryn neist Ommelanners ek stedsmagistraten fan Grins sitting hiene.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.